Fan âlde tiden en rike boarnen

It hjir nei kommende nuveraardige stikje tekst komt út in tiid dat efternammen in generaasje oersloegen. It is sûnt heugenis en mei krektens, dy’t har te priizgjen is, troch it neiteam fan Atze Weabes algeduerich fan heit op soan troch de ieuwen hinne bewarre bleaun. Goed besjoen lit it faaks in nij ljocht skine op in oar bjuster stikje skiednis út it fiere ferline.  

WETTEN THES LANDES
Thet is the riucht thes landes mei’t aller monnen and frommesen twisken salta see and thsiustre geaen and lannen lijck to bûgjen and te hâlden oan the plicht fan de wâlden, to anderdian ther hit leit.
Kêst I:
Hwaso ayen eth sprekken thes memmes taal ferret, hi in ta berjuchte toe anderdiane and te beteljen fan iene heales pondes bûter.
Kêst II:
Lju ther the sprake oppenbere spuie mei betochten wurden, and hwaso him also de heusfrede dêrta te ferbrekke, wert te beteljen mit twa heule weten brea.
Kêst III:
Soe huck mensche ther imme scada ti tha sibbena deth; faders and moders thet hiu achte ple and plicht fersake; dieth sinnes kindes ûnmûnich fon hires memmes tale yn thi  landes twisken thi niwelkalda wetter and eke wâlden yn frjemde tonghen sprekke litte. Wier, wier minsken, wha twisken it himelske ferwulft en thi sânige grûn en tierige greidelonnen yn wrydske pracht hires sprake net achtet, de wanlatighe thy scil betale.
Sa kompt thi domme sckepsels an da sculde, so libje sy ivich yn skande and werde sy berjuchte dertoe thi scade te beteljen mit, net inkeld bûter en brea, mar ek mit iene tsjokke griene tsiis.

Alsa set en stelt gersmoanne ien MCCXXXX and bysegelet mith ta londes segele.