Op ´en paad yn maaie,
dan is it grien it grien sa nei,
by de hûnestangen del.
Kikkerts kloatsje, wetter blikkert,
fûgels kliuwe út it skaad wei,
hynstebiters binne fel.
fûgels kliuwe út it skaad wei,
hynstebiters binne fel.
En dy hagetoarnen, wite apoteoaze, wiskjend symboal frij
fan bestoarne kjeld.
fan bestoarne kjeld.
Op ´en paad yn maaie,
omfierrens, suver ljocht sa’n dei,
libben yn in lichte trêd.
omfierrens, suver ljocht sa’n dei,
libben yn in lichte trêd.
Mar wurdt it in moaie simmer?
Men wit it net, men wit it net!
Men wit it net, men wit it net!