Trochsnee reis

Trochsnee minsken, trochsnee praat. Willekeurich tiidstip op in moaie dei.
Frou, yn ’e fjirtich, reade, slûke lokken, gluorket troch it rút, praat tsjin man, foar har oer. Freon? It skeelt al in jier as wat. ‘Hast de berjochten hjoed ek heard?’ Oare helte? Sjocht op it horloazje. ‘It nijs?’ Nimt twa froulju yn ’t foarbykommen nijsgjirrich op. Read hier draait nei him ta. ‘It waar!’ ‘Oh, it waar, nee, do?’ ‘Dêrom freegje ik it dy.’ ‘It bliuwt knap.’ ‘Hoe witsto dat?’ ‘Sjoch dan bûten; gjin wolk te sjen. ‘Hmm... it kin soms nuver hurd ...’ ‘Leau my no mar.’
Skraal fintsje faget slaggerich hier út ’e eagen wei. ‘Ist dieser Platz frei?’ Giet sitten. Ljochte pony en in sturt skoot deun by him oan.
Skeve petsjes en holle yn in kapusjon. Hiphop? Kaartspilers! Klaverjasse? Roffeljende knokkels. ‘Mei!’ Ha, toepers! Lange skonken skoppe ûnder de tafel troch. ‘Pas!’ Wer in roffel op it tafelblêd. ‘Dea!’ ‘Yes!!’ ‘Domme pûde!’ Blikje rûgelt op ’e grûn.
‘Wat wolsto ha?’ Blond, sinnebankbrún, goed foarkommen, komt oerein. ‘Kofje?’ Brune kop, donkere sinnebril, gnysket sûntsjes: ‘Nee, bier!’ 'Bier?’ ‘Ja, bier, wêrom net? Ik ha toarst.’ ‘Bah...bier rukt sa.’ ‘No, en? Ik ha fakânsje!’ ‘Doch jûn mar, nim ik in wyntsje.’ Sinnebril omheech, spotske eagen. ‘Dat wurdt kofje dus.’ ‘Mochtst ek wol in cola ha?’
Wibelich blêd mei gehakbal as trofee. Krús leech yn ’e broek, grauwe bealch, sechtich plus. Sjocht, siket, stoartelt, komt krekt goed. Ploft by âld minske del. Hûntsje âlet. Baaske racht.
Beuker oan heites hân wol op it smouske ta. ‘Mei net!’ Folle mûle mei gehak. ‘Docht neat, hear.’
Heit nimt famke op ’e skouders. ‘Sizze se allegear!’
‘De loft berint, sjoch mar!’ Read prúkje drukt noas tsjin rút. ‘Do mei dyn knap waar.’
Bern drave wyld en gysten by de tafels del. Ald minske gnoarret. ‘Kin dat net oars, moat dat hjir sa? Soks koe froeger net. Ik woe de âlden wizer ha!’ Ober hâldt him stil.
Gehakbal op. Hyst himsels en de broek omheech, hellet kofje. Ober rêdt de lêste blêden op.
Readferve tûfen dynje nei it húske. Grutte bôge om it grimmitige smouske hinne. Oare helte hellet noch in bier. Brune kop ûnder sinnebril sjocht him lydsum nei. Hiphoppers meitsje wille. Famke jankt, raast. Wol mei hûntsje boartsje. ‘Hûntsje ha?’ ‘Hâld dy stil!’ Optild wurdt se, op ’e nij, no nei bûten. Minsken wurde drok en warber. Wrotte har út de banken wei. Sette ôf. Nei de útgong ta. Of it autodek. Wachtsje! It is noch net safier. Hûnen blaffe. It duorret noch in hoartsje. 
Boat leit oan! ’Och Liebling, guck mal, jetzt sind wir schon da!’