‘Ast der goed by stil stiest, dan is it folslein ûnbegryplik wêrom at de iene persoan de oare wat slims oandwaan wol, inkeld omdat de oar wat oars is as de trochsnee boarger.’
‘Dat sis ik, soks is net maklik te befetsjen, mar it wie yn ’e oarlochstiid in grouwélich ferskynsel dat him as kanker ûntjoech. Op in stuit waarden slachtoffers stelselmjittich oppakt en fêstset. Fuort moasten se, eigen hûs en hiem ferlitte. Foargoed ferbanne út ’e mienskip. Yn ’t lêst oan fierden se treinen fol ôf. Manlju, froulju en bern. De measten kamen noait werom. It waard harren lêste reis. Ik kin it dy net útlizze wêrom at it doe safier komme moast. Lykwols, at ik der no noch wie, dan soe ik dy graach fertelle wolle dat it noait wer barre mei. Mar ja, myn tiid hat west. Do litst my allinnich oan it wurd om dyn eigen ferhaal te dwaan. Myn wurden binne dyn wurden. Wat ha je dan te melden?’
‘Jim ha in hiel soad te melden. As tsjûge fan in stik skiednis yn in tsjuster ferline moatte jim just wiidweidich fertelle hoe’t it doe wie. Dat skriuw ik allegear op. It ferhaal fan de generaasje dy’t der no net mear is, mar der persoanlik by wie.’
‘Ik ha ’t yn ’e gaten, do hellest my út myn ivige sliep mei it doel en brûk my foar in literêre saak.’
‘Ja, in morbide weachstik, dat jou ik ta, mar men docht wat.’
‘No dan, gean dyn gong soe ik sizze. Lit mar witte hoe’t der yn dy tiid samar op in ûnskuldige groep minsken út it eigen fermidden fûleindich jacht makke waard.’
‘Troch it gesach dat doe macht hie, at it my net mist.’
‘Krekt, mar benammen ek troch gewoane minsken út ’e buert.’
‘Rasisten!’
‘It heucht my net dat se doe sa neamd waarden. Mar as ferrieders stienen se gau bekend.’
‘Nasjonalisten dus?’
‘Dêr kaam it wol op del.’
‘En fassisten!’
‘Dat wienen se feitlik allegear.’
‘Mar wat besiele dat folk?’
‘Harren harsens wienen spield!’
‘Wat yn ’e weareld giet der dan yn sokke hollen om. Wie it har yn ’e kop slein?
‘Dat mei wol sa west ha.’
‘Wêrtroch dan?’
‘Se leauden yn it ferhaal fan bloed en boaiem, yn de suverens fan it eigen ras.’
‘Net te leauwen! Wêr kamen sokke waanideeën wei?’
‘Se waarden troch glûpske propaganda foarliigd en ophise troch in duvel!’
‘Mar wêrom? Wat stuts der achter. Eangst? Haat? Of kaam it fan ien of oare domme oergeunst. Wie it miskien ûnmacht dat...’
‘Unmacht? Hoe komst der by. Flokke is ûnmacht. Libbensgefaarlike idioaten wienen it. Se sochten in mikpunt, sûnder sûndebokken hienen se gjin reden fan bestean. Wês bliid dat sok folk har hjoed de dei net mear opponearret.’
‘No, dat hat der wol oan. Der is tsjinwurdich in slach dat yn sommige groepen boargers in gefaar foar de mienskip sjocht.
‘Nee wol?’
Mar dat binne uteraard gjin fassisten.’
‘Tochtste hin? Tink der mar net te licht oer! Oeral kinne se sitte. Sjochst it har oan ’e bûtenkant net oan. Se wenje by wize fan sprekken om ’e hoeke. Njonken de doar miskien wol’
‘It liket my sterk, mar goed, miskien soest de fanatyksten wol fassisten neame kinne, al sizze je dat fansels net lûdop.’
‘Nee? Wêrom net? Hast net yn ’e rekken dat de ellinde mei swijen begjint? Neat sizze doare! Dy flater is yn it ferline ek makke. Doe krigen se de kâns. Jonge, jim witte net wat it is. Dêrom sis ik: neam it bist by de namme! At se op in stuit in eigen partij begjinne, dan kinst der mar om tinke!