Woar?

It is gjin goede dei om te stjerren, sei de skriuwer/dichter tsjin syn publyk. Hy stie ûnder de fruchtdragende parrebeam. Woar? Oer de grins yn ’e grutte stêd: it sintrum fan de Ommelannen. Men hoecht net fier te reizgjen om yn ’e iepen loft fergees de universele kracht fan de poëzy yn jin op te nimmen.
Talryk wienen de dichters en byldryk de talen dy’t op it teefjild fan de Prinsetún har jilde lieten. In gaadlik oard om harren geastesbern op los te litten! Mei de stedske rûs yn ’e flanken en út en troch in wolkje Martini-lûd wie it al hielendal gjin muoite om as taharker wat fan in oar syn dichterlike riten mei te krijen. Sels al ferge it wolris wat.
Harkje nei gedichten is hiel wat oars as lêze, die my wer ris bliken. Lûd en stilte ferhâlde har net itselde ta inoar as beskreaune en ûnbeskreaune regels. Boppedat liket sprutsen poëzy de ynhâld oars mei te dielen, as wannear’t de eagen it fan papier opnimme. Lykwols, de ferbylding komt altyd oan ’e macht. Mar hoe wurde de teksten skreaun, fregest dy dan ôf. Om nei te harkjen, sa’t men dat yn oerâlde tiden inkeld wend wie? Of om te lêzen? Dat wie wer sa’n fraachstik wat my yn ’e besnijing krige. Moat ik as taharker hearre wat de dichter mei syn wurden beskriuwt? Of moat ik lêze wat er te sizzen hat? En wat is dan it bêste, dat je it wurk earst hearre en dêrnei pas lêze? Of krekt oarsom?
Faaks is it de keunst fan de dichter en skep fan beide mooglikheden ien diminsje dy’t harker en lêzer bekoare kin. Wa’t sûnder oardielen wat mei te dielen hat, draait syn hân der grif net foar om. Faaks moat je de bylden dy’t se oproppe fiele en as in fearke oer de rêchbonke strike litte of as in eksploazje op jin ôfkomme litte.  
Ik koe it mei de skriuwer/dichter ynfiele dat stjerre him net fan pas kaam.  Op sa’n skoandere dei hie it gjin sin en lit de ein slûpe. Der komme grif bettere dagen om der tusken út te knipen, ek al ha je it net foar it sizzen. De toan wie lykwols set. Swiersettige bylden fan fergonklikheid kamen as min waar oer my hinne. It fernuvere my dan ek net, dat yn de tsjustere katakomben fan de tichtbegroeide leafgongen de measte dichters it tydlike yn it neat ferdwine lieten. Nee, de ivichheid sit dichters net gau yn ’e wei. ‘Dat ik stjerre moat kin my net in fuck skele’, deklamearre in Frysk dichter oan ’e ein fan de middei op in wize dat it wol in liet like. It klonk striidber sûnder hope. It wienen net syn eigen wurden, sei hy der earlik by, mar de oersetting fan it wurk fan in sjonger dy’t syn namme ûntliend hie oan in dichter. Sjongers binne lykas skriuwers somtiden dichters, en dichters wolle wolris skriuwers wêze. Mar wannear is in dichter eins in dichter? Dat frege ik my ynienen ôf. Underweis nei hûs kaam it my yn ’t sin, ek in oar syn wurden. In dichter is in dichter at er himsels gjin dichter neamt.