Sadwaande gong ik okkerdeis op paad. It skeelt wrachtich in jas fernaam ik kuierjend troch it greidlân ûnder de reek fan de grutte stêd. De reis yn it selskip fan mannich oaren gong lâns de fuotspoaren dy’t in skriuwer langlyn yn in ferneamd boek útlein hie foar syn kreaasje: in grutboer en in lytsman tagelyk.
Ja, de lichten fan dat neakene boerelân, de leechte fan de wide romte ûnder de steapeljende wolken, dat is nijsgjirrich! Of gong it my dochs om it tryste lot fan de haadpersoan út it ferhaal? Hawar, folchsum pandere ik achteroan yn ’e keppel, dy’t as kij nei de stâl ta teach. Jim moatte net hurder jonges, tocht ik.
Fierkje yn dy skrille wiidte joech gjin inkel ynsjoch yn de lytse geast fan de man út it boek. Wat doel hat it ek en sykje der nei? It gong my om in lânskip dat gjin beheining hat. Om ljocht sûnder skaad. Om de wrâld yn it perspektyf fan myn eigen gedachten in plak te jaan.