Fan Rotterdam nei Oranjewâld is mar in skyteintsje, sels at der in lytse wike oer hinne giet. Fan de wrâld fan Edvard Munch yn de Keunsthal nei de tentoanstelling ‘Beroerd Landschap’ yn museum Belvedêre is wol in hiele stap. It is fierljeppe troch lânskippen fan tiid. It makke de ôfdijer yn Rotterdam troch it ûntbrekken fan Munch syn ferneamde skilderij De Skreau wer in bytsje goed. Ik hie my frijwat fergappe op it selsportret fan de ekspressive Noarske skilder, dy’t as it ware yn de swypslaggen fan it lânskip de demoanen fan in depresje op him ôfkommen sjocht. Dat waard him dus net.
De konfrontaasje in pear dagen letter, mei de mear as libbensgrutte fiersichten yn museum Belvedêre struts yn earste ynstânsje wat salve oer it sear. Op dy tentoanstelling bringe fjouwer hjoeddeiske keunstners it ferline, heden en takomst op ymposante wize yn kaart, alteast sa’t sy tinke dat it yn byld brocht wurde moat om de taskôger dêr yn te belûken. Nei alle gedachten om it folk mei de noas op histoaryske en maatskiplike feiten te drukken. Want je ûntkomme der net oan. De iepenheid fan de panorama’s is sa grutsk, je wurde, at je no wolle of net, der folslein yn opsûge. Net omdat it moaie nostalgyske lânskippen binne. Nee, it binne realistyske wjerspegelingen fan ús tiid. Gjin spirituele symbolyk. De hurde werklikheid, sûnder blomkes en bijkes, mar wol mei it grutte ferlet der fan. Gjin metafoaryske retoryk. It is de wrede wierheid sûnder de oanwêzigens fan minsken, mei al de leechte, de ferwoasting, dea en desepsje dy’t it minskdom rûnom oer de wrâld feroarsake hat.
Net al te fleurige hinnekommens dus, fakânsjefolders en natuerfilms sjogge der hiel wat oars út. Wat ik seach wie earder like depressyf as Munch syn sombere ynterpretaasjes fan de minne tiid yn it begjin fan de foarige ieu. Tsjusterens fan in woedzjende wrâld. Dat kaam my op it moed doe’t ik op in stuit de ûntheisterjende lânskippen goed yn my op naam. De yndrukken benauden my en besauden my. Ik fielde suver in net te kearen, heislike skreau yn my opkommen. Ik woe de earen wol tichtdrukke om alles wat ik seach, om alles wat ik wist en om alles wat de wrâld nei alle gedachten noch te wachtsjen stiet.
Keunst? It seit wat! Keunst? It docht jin wat! Mar wat? Moast ik fan dit wurk wat leare? Moat it minskdom fan dizze keunstners leare? Guon sille it grif befêstigje wolle. Se sille sizze dat it in wichtich effekt fan alle keunst wêze moat. Se sille sizze dat soks yn dit lân gelokkich noch altyd de lúkse fan de frijheid is, sels yn in tiid dêr’t de kultuer as in linkse hobby yn ’e knipe driget te kommen. Oer frijheid sprutsen, hoe heech moat de ferantwurdlikens by minsken en yn it bysûnder by politisy oanskreaun stean om te sjen wat ik yn dy skilderijen seach? Frijheid en ferantwurdlikens wa giet dêr eins oer?

Hawar, tiden hawwe tiden. Je moatte jin de holle ek net tefolle oer sokke dingen brekke. Men kin der wol depressyf fan wurde. Yn it lânskip fan de hjerst dronken we op it terras fan it museum in bakje kofje. Krisis, depresje, wetterfloeden, oarloch, de apokalyps, it wie fier by ús wei. Wy sieten noflik yn de sinne, it útsicht wie wûndermoai en fredich. Beauty is in the eye of the beholder. De eagen binne der yn ’e regel slij nei, se wienen wer goed oan de kost kaam.