Kjeld

It wurdt kâlder. Fan de krimp, troch de oanboazjende kjeld, kniest en kjirmet it hûs dat it sta seit. Nei alle gedachten doelleas ferset tsjin de knipende froast op kommende wei. Ik lei der fannacht nei te harkjen en tocht oan it kredyt fan de tiid dy’t him ek belûkt en dat guon minsken tinke datst dy der mei alderhande riten tsjin warje kinst. Mar al hoest it fjoer ek oppokest en al hoest besikest om de waarmte by dy te hâlden, de brânstof dy’t de boel draaiende hâlde moat rekket in kear op. In hûs kin wol wat ha. Nettsjinsteande it grimmitige knappen en kreakjen fan it ramt sil it âlde stee - langer as myn eigen bonkerak - grif noch wol in aardich skoft de tiid trochstean. At de brân der mar net yn rekket; mar och, dan hâldt alles ommers op.
Dat wienen in pear prakkesaasjes dy’t my yn myn smûke leger wekker holden. Soms ûntkomst der net oan. It binne fan dy dingen dy’t dy op it meast ferlitten tiidstip fan de nacht oer de siele skramme kinne. En de nacht wie amper healwei. Hingjend yn de keale tûken fan de bjirk skimere in skyltsje fan de ôfnimmende moanne troch it gerdyn. De moarn wie noch fier fuort.
Der stiet in strange winter foar de doar wurdt der sein, wy ûntkomme der net oan. Kening froast sil him wer goed jilde litte. We ha ús der mar op ta te rieden. Wêrop? Op iislike poalwinen, Sibearyske sniestoarmen en in hege gasrekken. Kening froast laket om it waarmer wurden fan it klimaat.
Sa helle de iene swiersettige gedachte wer in oaren út. De minne ekonomy! Ik liet it yn my omgean, dat dat wrakke gebou ek noch altyd in soad fan krimp te lijen hat. De brân sit der noch net yn, mar it broeit en it broeit mar troch. It duorre yntusken ek net lang mear of de polityk kaam op it aljemint. Korrupsje, rasisme, polarisaasje, sinleas geweld. Doe gong de kjeld my troch de lea. Want wêr moat it hinne? Wat moat der fan de wrâld wurde? Dat soarte fan fragen spilen yn my om. Wannear krije we wer oar waar? It wienen de begrutlike klisjees dy’t âlde minsken bytiden yn ’e macht ha, omdat se der fan oertsjûge binne dat eartiids alles better wie. Wurden fan wize minsken. Fan dy wurden dy’t noait doel treffe.   
Krisis, konflikt en katastrofe, dêr draait it allegear om. Ik ornearre, de wrâld rôlet fan it iene yn it oare. It sil syn tiid wol ha moatte. Mar krisis, konflikt en katastrofe, dat is ek poerbêste brânstof foar in ferhaal. Feitlik binne it dus gouden tiden wie ik úteinlik fan betinken en ik draaide my om, ik luts it tekken wat heger oer it skouder en joech my wer del. Ik lei der noch waarm by. 

Monuminten

Klompen yn it museum? Ja, dat kin yn Drachten. Opdjippe út it depot stie dêr okkerdeis tusken in soadsje oar replik guod in healsliten pear op de saneamde catwalk te pronk. Mei help fan it publyk woenen se útfine fan wa’t dy klompen west hienen. Sokke ferhalen binne nijsgjirrich. ‘Herrinnerje’ neame se it yn skeef Frysk ek wol, dat is langer oeral de moade.
Klompen: ik ha der eartiids sels op rûn, mar se binne út ’e tiid. Nuver eins, want it multifunksjonele houten fuotark draacht koel yn ’e simmer en waarm yn ’e winter. En sûnder te fiterjen hast se likehurd oan as út. Hurdrinne is al wat dreech, lykas it wâdzjen troch wiete snie wylst de kwalster oan ’e soalen klibbet. Mar wat in wille, doe! Skande, dat soks foargoed foarby is. Inkeld hearre je noch wolris in echte autochtoan rinnen. Fan it kloskjen oer de strjitte libbet by my it ferline hielendal op. In geve klomp, kappe en fike út waaibeamshout, is oars ek nuver guod. Je kinne maklik in oar de kop der mei stikken slaan. Der binne grif noch wol sterke ferhalen dêr’t de klomp as korpus delikt in haadrol yn spilet. Sa’n moardwapen soe gâns wat folk nei it museum lûke kinne. Mar dat is hjir net it gefal. Dit binne gewoane Fryske learkeklompen. Ik bin der ek benijd nei by wa’t dizze eksimplaren by de doar stien ha en hoe se lang om let op it bêdsbuordsje telâne kaam binne. Myn earste wie trouwens: binne it wol manlju’s klompen? Oan de maat te sjen soenen je it al sizze, dat ik bin der mar even yn stapt. Dat gong wûnderskoan. Bewiis genôch dus. Se pasten my as in âld jas, ik rûn der sa mei fuort. It lûd ketste as in stichtlike kleasterklok troch it museum. Ik skrok. Ik waard kjel fan it leven dat my op slach werombrocht nei âlde tiden. Krapoan sa’n fyftich jier tebek, doe’t hynder en wein noch net folslein fan de lêste, smelle klinkertdiken ferdreaun wienen en yn in bedaarde telgong kalm har wei gean koenen. Ik seach ús heit mei de leie losjes yn ’e hân foar op ’e wein sitten. Ien skonk op it tiksel, de oare út en troch heal mei de klomp wat ûnder it silehout, om ekstra stjoer oan de âlde brune te jaan. Wylst ik foaroer de klompen nochris meunstere, seach ik ta myn fernuvering dat ien snute heal fersliten wie en de oare noch aardich geef. In lichte huver gong my oer de lea. Wie ik nei al dy jierren yn de klompen fan ús heit stapt? Ik leaude it hast, want wa soe net wolle dat soks koe? Al wie it mar foar in pear tellen. Tink dy ris yn, hiel even yn dy tiid werom stappe. Ik strûpte hastich de klompen út. Wat kin in minske nuver mei de holle op ’e rin reitsje, tocht ik. Fan ien ding wie ik wol wis, se hienen fan in boer west en net fan in boarger. Ik rûkte noch even oan de learkes en plante de klompen wer op de sokkel. Net in ferkeard plak! At se dan net langer brûkt wurde om te gean, dan fertsjinje se it om bewarre te bliuwen en heare se beslist yn it museum thús.

Sweve

Ik seach lêstendeis yn ’e grutte stêd in soadsje sweefboeken lizzen, sawat in kiste fol. Gewoane, fatsoenlike, nijsgjirrige boeken, samar fergees om mei te nimmen. En om te lêzen fansels, want dat is mien ik it doel, om minsken oan it lêzen te krijen. In sympatike geste, dêr sil ik neat fan sizze. Samar in eksimplaar útsykje, yn ’e bûse stekke en thús of ergens oars lêze sûnder der foar te beteljen, dat is net ferkeard. At je it dan út ha (of net út krije kinne) dan lis je it boek op in gaadlik plak yn in iepenbiere romte del, in oar kin it dan ek meinimme. Sa reitsje de boeken dus op ’e sweef, tinke se. 
Ik ha net sa’n boek útsocht. Ik jou leaver in boek kado. In boek weijaan is moai wurk, like moai as ien krije. Mei in jierdei bygelyks, hoe âld it feestnûmer ek wurdt, je kinne altyd wol mei in boek oansetten komme. Dêr gean ik teminsten wol fan út. By houliken en oare spesjale gelegenheden kin it der ek wol by troch en spylje de literêre filantroop. Ja, it moat al in boek mei ynhouten wêze, dat is de regel, ek al binne der spitigernôch wol útsûnderingen te betinken. Mar dat kin dan net oars. Fierder is sa’n presintsje ek hiel geskikt om wat goed te meitsjen, en net te ferjitten as in geskink fan leafde. It is ek in handich objekt om ien mei oer de streek te heljen. Ik ha sels al ris in boek as in treastryk bliken fan meilibben oan in dierbere neibesteande jûn. It die fertuten.
Sa sille der grif wol mear gelegenheden wêze en skink in boek as teken fan respekt en wurdearring. It mei helder wêze, dêr kin ik wol mei libje. En at it skielk ris oars komt, se meie my yn de kiste ek wol in boek mei de grûn yn jaan. Mar sa’t ik al sei en salang at it noch kin, ik jou leaver in boek kado.
‘Moat it ek ynpakt wurde?’ freget men dan yn ’e boekhannel at ik wer ien oantúch. Ja, it moat altyd ynpakt wurde, ek at it boek foar mysels ornearre is. At it my thús net goed ta liket, dan pak ik it moai wer op ’e nij yn, om wei te jaan. Trouwens, alle boeken dy’t ik keapje pak ik thús altiten earst út. Wêrom? Dat sis ik net. Mar ik doch it hiel foarsichtich, mei in beslipe technyk meitsje ik it plakbân los om it papier net te skansearjen. Hoe? Dat sis ik ek net, mar it slagget meastal wol en oars ha ik wol in rôle pakpapier achter de hân. De stikkerkes fan boekhannel bewarje ik ek.
Sels in boek kado krije is it moaiste, dat sil ik net ûntkenne, it oerkomt my lykwols selden. Ik krij meastal in boekebon kado. Dêr bin ik dan hiel wiis mei, want dat is ferrekte handich, ik reitsje dy dingen by de boekhannel wol wer kwyt. Feitlik binne de kadoboeken dy’t ik by de winkel beset en fuort wer oan in gelokkige nije besitter trochjou ek sweefboeken. Alteast guon wol, want der binne minsken dy’t in boek fan my krije, en dat ûntkomt my net, dy pakke it kado hiel foarsichtich út en lizze it papier hoeden oan ’e kant. Allinnich de bretaalsten doare te freegjen: ‘Kin it ek ruile wurde?’