It wurdt kâlder. Fan de krimp, troch de oanboazjende kjeld, kniest en kjirmet it hûs dat it sta seit. Nei alle gedachten doelleas ferset tsjin de knipende froast op kommende wei. Ik lei der fannacht nei te harkjen en tocht oan it kredyt fan de tiid dy’t him ek belûkt en dat guon minsken tinke datst dy der mei alderhande riten tsjin warje kinst. Mar al hoest it fjoer ek oppokest en al hoest besikest om de waarmte by dy te hâlden, de brânstof dy’t de boel draaiende hâlde moat rekket in kear op. In hûs kin wol wat ha. Nettsjinsteande it grimmitige knappen en kreakjen fan it ramt sil it âlde stee - langer as myn eigen bonkerak - grif noch wol in aardich skoft de tiid trochstean. At de brân der mar net yn rekket; mar och, dan hâldt alles ommers op.
Dat wienen in pear prakkesaasjes dy’t my yn myn smûke leger wekker holden. Soms ûntkomst der net oan. It binne fan dy dingen dy’t dy op it meast ferlitten tiidstip fan de nacht oer de siele skramme kinne. En de nacht wie amper healwei. Hingjend yn de keale tûken fan de bjirk skimere in skyltsje fan de ôfnimmende moanne troch it gerdyn. De moarn wie noch fier fuort.
Der stiet in strange winter foar de doar wurdt der sein, wy ûntkomme der net oan. Kening froast sil him wer goed jilde litte. We ha ús der mar op ta te rieden. Wêrop? Op iislike poalwinen, Sibearyske sniestoarmen en in hege gasrekken. Kening froast laket om it waarmer wurden fan it klimaat.
Sa helle de iene swiersettige gedachte wer in oaren út. De minne ekonomy! Ik liet it yn my omgean, dat dat wrakke gebou ek noch altyd in soad fan krimp te lijen hat. De brân sit der noch net yn, mar it broeit en it broeit mar troch. It duorre yntusken ek net lang mear of de polityk kaam op it aljemint. Korrupsje, rasisme, polarisaasje, sinleas geweld. Doe gong de kjeld my troch de lea. Want wêr moat it hinne? Wat moat der fan de wrâld wurde? Dat soarte fan fragen spilen yn my om. Wannear krije we wer oar waar? It wienen de begrutlike klisjees dy’t âlde minsken bytiden yn ’e macht ha, omdat se der fan oertsjûge binne dat eartiids alles better wie. Wurden fan wize minsken. Fan dy wurden dy’t noait doel treffe.
Krisis, konflikt en katastrofe, dêr draait it allegear om. Ik ornearre, de wrâld rôlet fan it iene yn it oare. It sil syn tiid wol ha moatte. Mar krisis, konflikt en katastrofe, dat is ek poerbêste brânstof foar in ferhaal. Feitlik binne it dus gouden tiden wie ik úteinlik fan betinken en ik draaide my om, ik luts it tekken wat heger oer it skouder en joech my wer del. Ik lei der noch waarm by.