Monuminten

Klompen yn it museum? Ja, dat kin yn Drachten. Opdjippe út it depot stie dêr okkerdeis tusken in soadsje oar replik guod in healsliten pear op de saneamde catwalk te pronk. Mei help fan it publyk woenen se útfine fan wa’t dy klompen west hienen. Sokke ferhalen binne nijsgjirrich. ‘Herrinnerje’ neame se it yn skeef Frysk ek wol, dat is langer oeral de moade.
Klompen: ik ha der eartiids sels op rûn, mar se binne út ’e tiid. Nuver eins, want it multifunksjonele houten fuotark draacht koel yn ’e simmer en waarm yn ’e winter. En sûnder te fiterjen hast se likehurd oan as út. Hurdrinne is al wat dreech, lykas it wâdzjen troch wiete snie wylst de kwalster oan ’e soalen klibbet. Mar wat in wille, doe! Skande, dat soks foargoed foarby is. Inkeld hearre je noch wolris in echte autochtoan rinnen. Fan it kloskjen oer de strjitte libbet by my it ferline hielendal op. In geve klomp, kappe en fike út waaibeamshout, is oars ek nuver guod. Je kinne maklik in oar de kop der mei stikken slaan. Der binne grif noch wol sterke ferhalen dêr’t de klomp as korpus delikt in haadrol yn spilet. Sa’n moardwapen soe gâns wat folk nei it museum lûke kinne. Mar dat is hjir net it gefal. Dit binne gewoane Fryske learkeklompen. Ik bin der ek benijd nei by wa’t dizze eksimplaren by de doar stien ha en hoe se lang om let op it bêdsbuordsje telâne kaam binne. Myn earste wie trouwens: binne it wol manlju’s klompen? Oan de maat te sjen soenen je it al sizze, dat ik bin der mar even yn stapt. Dat gong wûnderskoan. Bewiis genôch dus. Se pasten my as in âld jas, ik rûn der sa mei fuort. It lûd ketste as in stichtlike kleasterklok troch it museum. Ik skrok. Ik waard kjel fan it leven dat my op slach werombrocht nei âlde tiden. Krapoan sa’n fyftich jier tebek, doe’t hynder en wein noch net folslein fan de lêste, smelle klinkertdiken ferdreaun wienen en yn in bedaarde telgong kalm har wei gean koenen. Ik seach ús heit mei de leie losjes yn ’e hân foar op ’e wein sitten. Ien skonk op it tiksel, de oare út en troch heal mei de klomp wat ûnder it silehout, om ekstra stjoer oan de âlde brune te jaan. Wylst ik foaroer de klompen nochris meunstere, seach ik ta myn fernuvering dat ien snute heal fersliten wie en de oare noch aardich geef. In lichte huver gong my oer de lea. Wie ik nei al dy jierren yn de klompen fan ús heit stapt? Ik leaude it hast, want wa soe net wolle dat soks koe? Al wie it mar foar in pear tellen. Tink dy ris yn, hiel even yn dy tiid werom stappe. Ik strûpte hastich de klompen út. Wat kin in minske nuver mei de holle op ’e rin reitsje, tocht ik. Fan ien ding wie ik wol wis, se hienen fan in boer west en net fan in boarger. Ik rûkte noch even oan de learkes en plante de klompen wer op de sokkel. Net in ferkeard plak! At se dan net langer brûkt wurde om te gean, dan fertsjinje se it om bewarre te bliuwen en heare se beslist yn it museum thús.