Asylsykjend yn it ryk fan de sliep doarmje ik oer de grinzen fan myn gedachten tebek yn ’e tiid. Dreambylden wurde lânskippen as leidige fata morgana. Ik sykje gjin nije mar in âlde bestimming en meitsje opnij in fuotreis fan in fearnsieu lyn nei de top fan in fulkaan. Swart en wyt is it paad fan bestjurre lava en ivige snie ûnder de bylkjende sinne. Der is gjin wei te min. De loft driget net. De loft kent syn master. Yn it ljocht fan de fjurrige geast draait in arend steatlik beswarrende rûntsjes. De loaie flecht is skyn, as it safier is stoart er him ûnferbidlik yn ’e djipte.
Alles ferrifelt. Wylst ik my de holle geregeld switfei telle de minuten as oeren. De swiertekrêft lûkt en stint, mar de tiid wint. Der is gjin wei werom. Healwei de tocht slinkt mei lange trêden it libben hurder as de ôfstân dy’t ik noch te gean ha. De romte is ûnmjitlik. Under it blauwe dak, dêr’t de wolken as ballêst fan de wrâld op de souder lizze, hat it hûs fan de wyn gjin muorren.
Alles is oars yn it omfierrens sûnder fierderop. Swierder, trager, iler. Heger as de kimen jildt de taal fan in stillibben. Dat hat syn wurden wol hân. De wyn swijt as in sletten boek. Stap foar stap folgje ik it spoar fan myn ûnthâld. Fêste grûn ûnder de fuotten is in yllúzje, dat docht ek gjin nij. Der is gjin wiet gers, der is gjin gloed fan in sânreed, glêde klinkerts wurde gjin tarrewei. It paad mist smûke beamwâlen, dy’t as griene gerdinen oan de himel hingje. En de winter stiet yn de simmer, wylst de jierren ûnder de skuon wei rane.
Alle eleminten treast klau ik oer de rêchbonke fan in kontinint. Der is gjin wei ferside Ik flechtsje. Utbrutsen, ûntsnapt oan de gaos, los fan it libben. Wa’t longeret moat lije. Wa’t de ein sjocht set troch. Wat heger wat steger. Mei de wrakseling as brânstof priuwe de tamtearre longen de soerstof fan de frijheid. Ik bin in fûgel dy’t net fleane kin, ûnderweis nei it hichtepunt fan de krater mei it slomjende fjoer.
Ik ha it helle, ik stie as op in wjuk fan in fleanmasine. Ik wie de fleander sels. Mar doe wist ik noch net dat ik lykas Ikarus djip falle soe...