Panorama

 Ik seach in oerdwealsk fiersicht tekene mei skerpe fuorgen tusken lange, sljochte diken en ik seach dat it goed wie. Boekemerk! Ik rekke suver ferlern yn it troch de grutte hannelsgeast skoepen lêzersparadys yn it WTC. Gelokkich wie it as festijn oankundige barren ûnder dak, want bûten de megastâl fol keapsjogge negoasje reinde it dat it miigde.
In miljoen boeken waard der sein, neffens de krante kaam dat del op oardel kilometer. Dan soe der wol de helte mear lizze kinne as it om Fryske boeken gong, mar dat wie net sa. Dat kin ek net. Safolle Fryske boeken ha der noait bestien. Alteast dat tink ik, faaks kin dat ek nochris útsocht wurde, al sille se der dan wol fluch by wêze moatte. 
In hiele smite boeken dus, op in merk dêr’t de hantsjebakkers fan kij en keallen efkes lins hienen, mar de lucht fan it boerebeslach it noch wol fan de drukinket wûn. Hawar, al hoe feestlik de papieren kiloknallers der ek by leinen, in miljoen titels wienen der net, likemin in evenredich oantal skriuwers. Want gâns wat fan deselde titels leinen opsteapele yn kreaze heapen en fan guon skriuwers (ik neam gjin nammen) lei der sawat it hiele oeuvre by. Omdat de measte skriuwers my net bekend wienen hat it ek net folle doel en strui mei nammen. Der leinen oars wol skriuwers by´t soarte, krekt as der boeken yn ferskate kategoryen wienen. In Frysk boek bin ik lykwols net tsjinkaam. In protte Ingelsk seach ik wol. Dat is fansels ek in moaie taal, dêr hoecht in oankeap net om oer te gean. De prizen foelen ek genôch ta. In bondeltsje mei it ûnfolpriizge wurk fan in romrofte televyzjedichter wie foar noch gjin twa euro te besetten. Ik hoopje net dat sa’n priis wat oer de kwaliteit fan it wurk seit, want op it each ôf like it my gjin ûnaardich boekwurkje.
Sa’n protte boeken, is dat net gau wat tefolle? Wurdt it in minske net oermânsk. Je soenen it fan tinken hast wol ha kinne. Mar it oerskot fan de begearlikheid wie blykber wol om yn te nimmen. It keapfee kaam yn grutte keppels op it lêsfoer ôf en tôge - harsels tefreden sêdzjend - yn lange, bûnte rigen by de kreamen del. Ik hie it feestlik lânskip lykwols al rillegau besjoen. Inkeld it oansjen fan it ymposante panorama wie my moai genôch, dat ik ha net ta de beurs west.