3D


Dat in dichter dichtet is soms nijsgjirriger as wat er dichtet. Lykas it foardragen wolris wichtiger liket as it gedicht sels. It each wol ek wat, want the art of the show telt. Sa kriget poëzy op it poadium net inkeld in oar lûd, mar de taharker foarmet him ek in oar byld fan de tekst as er in dichter oan it wurk sjocht. Mooglik dat in protte dichters har krekt dêrom graach live yn it ljocht fan de skynwerpers oan in publyk útleverje wolle.
De iene dichter komt fansels al oars oer as de oare. Just it ferskil soarget yn ’e regel foar de ferdivedaasje. Je soenen je dus ôffreegje kinne: is it foardragen fan poëzy ferbale keunst of binne it fysike keunsten? Hawar, al hoe multimediaal it hjoed de dei ek brocht wurdt, taal en wurd makket altyd emoasje los. Bytiden sels sûnder doel oer de betsjuttingen dy’t tusken de rigels omsweve. Dat spile my troch de holle, doe’t ik koartlyn yn de Prinsetún fan Grins it optreden fan in hiele trits dichters yn my opnaam. Fernuvering genôch. By de boartlike klanken en oansettende ritmes brûkten de performers, bewust of ûnbewust, harren lea as wie ’t in ynstrumint yn in orkest. It skodde, trille, sweefde of stie ûnferweechlik op it skonkich ûnderstel. My tocht, sûnder lûd wie der amper ferskil mei in dominy, politikus of demagooch. De keunst fan it gebear rikt fier. En dy keunst koe wolris it geheime wapen fan mannich dichter wêze. Net inkeld de mimyk dy’t it gefoel yn de taal lei, mar benammen de hâlding fan it stal ûntbleate de identiteit fan de sprekker. En de diksje waard sterker troch de meneuvels fan de hân. Dat waard ik allegear gewaar. It wie in hiele foarstelling op himsels. In show fan bewegende wurden yn trije diminsjes. En dat sûnder spesjale bril. Ik woe dat ik it koe.


by de mar (2)

SEE

 
De see is de see

De see is altyd oars as ik him sjoch.
Tichtby it fierste fuort; oermjittich
djip en grinzen sljochtsjend, leit er
âlder as de alderearste dagen, rûngear
oer de wrâld op de ein te wachtsjen.

De see is altyd oars as ik him hear.
Fol leven fan de folterjende wyn of
yn ’e sûze fan in lije floed, mar ivich
mei in keppel masterfûgels stakkato
bekjend op de opsternate brekkers.   

De see is altyd oars as ik him rûk.
It switterige wier mjokselt mei de
rook fan fiskkadavers dat jokket yn
de noastergatten. It docht jin tinken
oan in deadsberjocht en oer it libben.

De see is oars as oars as ik him fiel.
Taastend  nei it lân strykt er, koel
beslein ûnder ferheven loften en ritich
by in teatrale wolkendûns, as wiete
fingerseinen oer myn bleate fuotten.

Mar de see is de see as ik him priuw.
It kâlde wetter byt my op de lippen en
ferskronfelet de hûch. It sâlt knypt my
stadichoan de strôte ticht en fermingt
him mei myn bloed. De see is wat er is.