3D


Dat in dichter dichtet is soms nijsgjirriger as wat er dichtet. Lykas it foardragen wolris wichtiger liket as it gedicht sels. It each wol ek wat, want the art of the show telt. Sa kriget poëzy op it poadium net inkeld in oar lûd, mar de taharker foarmet him ek in oar byld fan de tekst as er in dichter oan it wurk sjocht. Mooglik dat in protte dichters har krekt dêrom graach live yn it ljocht fan de skynwerpers oan in publyk útleverje wolle.
De iene dichter komt fansels al oars oer as de oare. Just it ferskil soarget yn ’e regel foar de ferdivedaasje. Je soenen je dus ôffreegje kinne: is it foardragen fan poëzy ferbale keunst of binne it fysike keunsten? Hawar, al hoe multimediaal it hjoed de dei ek brocht wurdt, taal en wurd makket altyd emoasje los. Bytiden sels sûnder doel oer de betsjuttingen dy’t tusken de rigels omsweve. Dat spile my troch de holle, doe’t ik koartlyn yn de Prinsetún fan Grins it optreden fan in hiele trits dichters yn my opnaam. Fernuvering genôch. By de boartlike klanken en oansettende ritmes brûkten de performers, bewust of ûnbewust, harren lea as wie ’t in ynstrumint yn in orkest. It skodde, trille, sweefde of stie ûnferweechlik op it skonkich ûnderstel. My tocht, sûnder lûd wie der amper ferskil mei in dominy, politikus of demagooch. De keunst fan it gebear rikt fier. En dy keunst koe wolris it geheime wapen fan mannich dichter wêze. Net inkeld de mimyk dy’t it gefoel yn de taal lei, mar benammen de hâlding fan it stal ûntbleate de identiteit fan de sprekker. En de diksje waard sterker troch de meneuvels fan de hân. Dat waard ik allegear gewaar. It wie in hiele foarstelling op himsels. In show fan bewegende wurden yn trije diminsjes. En dat sûnder spesjale bril. Ik woe dat ik it koe.