ex tenebris

Yn it skiere ljocht fan mistich waar is de werklikheid fier te sykjen. Libbest yn in oare wrâld. Der is gjin east of west en gjin noard of súd mear te bekennen. Doarmest yn in ûnbekende diminsje sûnder perspektyf. Wêrhinne fregest dy inkeld ôf. Bestiet der wol in oare kant achter dy algeduerich opskowende molkeglêzen muorre? Faaks hat sa'n grize helm oer it lân krekt as doel en beskermje de wrâld yntegraal tsjin obskuere ûngemakken, mar moatst de kop der wol by hâlde. Rjochtingoanwizers hingje doelleas yn de loft. Der falt amper noch in paad te kiezen. It ienlike paad kiest dy; ast der net om tinkst streekrjocht oer krusende wegen hinne. Op heal ferhoalen diken ferdwine feninige reade ljochten hastich yn harsels  en spatte even letter oan 'e oare kant as fjurrige eagen wer nei binnen ta. Of nei bûten? Kaam it oerljocht sa út it tsjuster opsetten? Begûn it alderearste begjin yn in krekt sa'n grauwe sop? Der is lykwols gjin knal te beharkjen. Lûd wurdt wei. Yn 'e dize is alles neat en neat is alles wat it liket. Yn it lânskip fan dôven en blinen oerhearsket it stomme. Alles swijt. Ik mei wol oer de lichte swierte fan dat wiete elemint. Dy bjustere benearing fan it útsichtleaze bringt dy tichter ta dysels. It is in drôgjende stilte, datst tinkst: soe it fierderop noch stiller wêze? De dize liket de tiid yn de stilte op te lossen. Wat stekt der achter? Hearsket oan de oare kant fan it grize gerdyn de stilte fan de lêste ein, of...

by de mar (5)



jage de simmer de hjerst yn, mei de
faasje fan in stroomfyts by my del,
'k rekke rimpen op 'e kletter nei de
winter, dat ik trape kjel heftich op de
remme, mar te let, want de tiid sakke
my as boomiis ûnder de skonken wei.


It doel

It each wol ek wat. It each siket in doel. Underweis troch de evolúsje fan it moderne bestean wie dat sykjen okkerdeis it doel. Sykje nei wat in tal keunstners fan eartiids yn harren romrofte dagen foar eagen stie. Alsa fûn ik myn bestimming middenmank kanonyske skilderijen, bylden foar de ivichheid en revolúsjonêre objekten. Keunsten fan de skeppende geast! It erfskip fan de ekspresjonisten, kubisten, dadaïsten, surrealisten en futuristen - ik neam der mar in pear - hat de takomst yn it ferline op de kaart set en de blik op de wrâld foargoed feroare. Kom dêr no noch mar ris om.
Hoedsum lavearre ik yn in keunstpaleis fan Den Haag tusken de gaos en harmony fan de ferbylding. De hannen djip yn de broeksbûsen. It baarnde my wer ris yn. Want dat is it slimste, no? Dat je neat oanreitsje meie. Hannen thús en allinnich de eagen de kost jaan. Mar dat is my noait genôch, omdat der mear is as wat it each sjocht.
Koe ik mysels by de Bolle fan Potter en it Putterke fan Fabritius yn it Mauritshûs noch yn 'e stringen hâlde, yn it Gemeentemuseum wie it by in leidige skulptuer fan Brancusi in stik dreger. Ik stie suver yn bestân en klamp my fêst oan it ûnfersetlike metaal. Sa´n rite oerfalt my faker. Benammen as in keunstwurk op it earste gesicht gjin inkeld doel liket te hawwen. Of omdat it each muoite hat mei it ûnbegryplike. It is de fertwiveling fan it riedsel, dêr't gjinien in antwurd op wit, en dat lit dy net los.
It each siket it idee. It wol yn de geast fan de keunstner sjen, of krûpe yn de siel fan syn wurk. Faaks wol it each fêststelle oft it bjustere keunstwurk echt bestiet. Mar al priuwde ik de kleuren fan van Gogh en hearde ik de byldmuzyk fan Kandinsky, it ferstân siket fysyk hâldfêst: ik wol oanreitsje! Net om de kwaliteit te hifkjen en te mjitten, dat docht it folk wol dat tinkt dat it der doel oer hat. Ik wol wat oars. Ik wol as it ware it libben fiele yn de stigmata fan in tiid. It is altyd wer deselde oanstriid. Even mei de fingers oan de groeden fan in Appel sitte wolle, of hoeden it wjerstribbige brûns fan in breklike Giacometti betaaste. Dan soe ik nei alle gedachten mei de eagen ticht de taal fan de besieling lêze. Yn myn eagen in befrediging. Ik soe oan myn fingers rûke en de hannen wer djip yn 'e bûsen stekke. Ik wie ta myn doel slagge, as ik it doarste.