Yn it skiere ljocht
fan mistich waar is de werklikheid fier te sykjen. Libbest yn in oare wrâld. Der
is gjin east of west en gjin noard of súd mear te bekennen. Doarmest yn in ûnbekende
diminsje sûnder perspektyf. Wêrhinne fregest dy inkeld ôf. Bestiet der wol in oare kant achter dy algeduerich
opskowende molkeglêzen muorre? Faaks hat sa'n grize helm oer it lân krekt as
doel en beskermje de wrâld yntegraal tsjin obskuere ûngemakken, mar moatst de
kop der wol by hâlde. Rjochtingoanwizers hingje doelleas yn de loft. Der falt
amper noch in paad te kiezen. It ienlike paad kiest dy; ast der net om tinkst streekrjocht
oer krusende wegen hinne. Op heal ferhoalen diken ferdwine feninige reade
ljochten hastich yn harsels en spatte
even letter oan 'e oare kant as fjurrige eagen wer nei binnen ta. Of nei bûten?
Kaam it oerljocht sa út it tsjuster opsetten? Begûn it alderearste begjin yn in
krekt sa'n grauwe sop? Der is lykwols gjin knal te beharkjen. Lûd wurdt wei. Yn
'e dize is alles neat en neat is alles wat it liket. Yn it lânskip fan dôven en
blinen oerhearsket it stomme. Alles swijt. Ik mei wol oer de lichte swierte fan
dat wiete elemint. Dy bjustere benearing fan it útsichtleaze bringt dy tichter
ta dysels. It is in drôgjende stilte, datst tinkst: soe it fierderop noch stiller
wêze? De dize liket de tiid yn de stilte op te lossen. Wat
stekt der achter? Hearsket oan de oare kant fan it grize gerdyn
de stilte fan de lêste ein, of...