It each wol ek
wat. It each siket in doel. Underweis troch de evolúsje fan it moderne bestean wie
dat sykjen okkerdeis it doel. Sykje nei wat in tal keunstners fan eartiids yn
harren romrofte dagen foar eagen stie. Alsa fûn ik myn bestimming middenmank kanonyske
skilderijen, bylden foar de ivichheid en revolúsjonêre objekten. Keunsten fan
de skeppende geast! It erfskip fan de ekspresjonisten, kubisten, dadaïsten,
surrealisten en futuristen - ik neam der mar in pear - hat de takomst yn it ferline
op de kaart set en de blik op de wrâld foargoed feroare. Kom dêr no noch mar
ris om.
Hoedsum lavearre
ik yn in keunstpaleis fan Den Haag tusken de gaos en harmony fan de ferbylding.
De hannen djip yn de broeksbûsen. It baarnde my wer ris yn. Want dat is it
slimste, no? Dat je neat oanreitsje meie. Hannen thús en allinnich de eagen de
kost jaan. Mar dat is my noait genôch, omdat der mear is as wat it each sjocht.
Koe ik mysels by
de Bolle fan Potter en it Putterke fan Fabritius yn it Mauritshûs noch yn 'e
stringen hâlde, yn it Gemeentemuseum wie it by in leidige skulptuer fan Brancusi
in stik dreger. Ik stie suver yn bestân en klamp my fêst oan it ûnfersetlike
metaal. Sa´n rite oerfalt my faker. Benammen as in keunstwurk op it earste
gesicht gjin inkeld doel liket te hawwen. Of omdat it each muoite hat mei it
ûnbegryplike. It is de fertwiveling fan it riedsel, dêr't gjinien in antwurd op
wit, en dat lit dy net los.
It each siket it
idee. It wol yn de geast fan de keunstner sjen, of krûpe yn de siel fan syn
wurk. Faaks wol it each fêststelle oft it bjustere keunstwurk echt bestiet. Mar
al priuwde ik de kleuren fan van Gogh en hearde ik de byldmuzyk fan Kandinsky, it
ferstân siket fysyk hâldfêst: ik wol oanreitsje! Net om de kwaliteit te hifkjen
en te mjitten, dat docht it folk wol dat tinkt dat it der doel oer hat. Ik wol wat
oars. Ik wol as it ware it libben fiele yn de stigmata fan in tiid. It is altyd
wer deselde oanstriid. Even mei de fingers oan de groeden fan in Appel sitte
wolle, of hoeden it wjerstribbige brûns fan in breklike Giacometti betaaste. Dan
soe ik nei alle gedachten mei de eagen ticht de taal fan de besieling lêze. Yn
myn eagen in befrediging. Ik soe oan myn fingers rûke en de hannen wer djip yn
'e bûsen stekke. Ik wie ta myn doel slagge, as ik it doarste.