sinne

by de mar (8)
skynde de sinne yn maart as wie it
al folop simmer, ik krige as in jerke
de maitiidsridel yn 'e kop en woe fan
klearebare balstjurrigens wol poerlike
neaken oer dy kâlde sompe swimme,
is 't net mâl en dwerstroch alles hinne?


In prús palet







As skilderje de wjergea is fan skriuwen, dan is in museum fol skilderijen fansels synonym oan in moai boek. Dêrom lêze yn 'e regel de measte museums ek dat it slydjaget en boeie in protte tentoanstellingen likefolle as meinimmende haadstikken fan in goed rinnend ferhaal.  Wa't der nocht oan hat slacht alle siden seal nei seal mei leafde om.
Der binne museums, dy'tst - mei tiid en talis - graach op 'e nij lêze wolst. Se laitsje dy as in moai omkaft alle kearen wer nijsgjirrich ta en mei reklame as pakkende flapteksten meitsje se like happich as de inketrook fan in spiksplinternij boek.  Sa lêst op 't heden de útstalling yn it Singermuseum fan Laren as in lyrysk epos dat him ôfspilet oan see. En dat is wol in reis wurdich. Want wat is der spannender as de ferrifeljende streamen fan it ivige wetter? En wat is der begearliker as doarmje oer in dizige grins fan sân?
It kin allegear op in bysûndere lokaasje ergens achter de kust tusken Kaap Griz Nez en Kaap Skagen. It kin yn Laren. Dêr hinget de skildere proaza en poëzij fan de see. Dêr kin elkenien, dy't it ferrin fan syn tocht as bestimming sjocht, reizgje lâns in floed fan ferhalen yn it wiffe ljocht fan it aloan wikseljende tij.
Yn it Singer ferhâldt de skilder him lykwichtich ta syn kollega's mei de penne en de pc. Dêr is literatuer mei it pinsiel skreaun en dichtet in prús palet de kleuren. Sa´n kombinaasje makket blier, stimt ta tinken en slacht sweeslaggerich foar master op. Lykas in ûnferjitlik boek.

swart-wyt

De kulturele haadstêd fan de Wâlden is Grins. Yn de metropoal fan de Ommelannen komst yn 'e regel foar keunst en kultuer goed oan dyn gerak en ûnderweis derhinne lizze dy gjin 'djip' of oare grinzen yn 'e wei. Stad is fan alle easter, suder, wester en noarderlingen. It hoecht om de taal ek net oer te gean. Wâldsjers binne wrâldboargers, dy begripe elkenien.
Yn Stad falt it bestean op syn plak. Har kultuer stipet alle sinnen. Guon gean der hinne - mei de lêste hope op libben - om te stjerren. Ik kom der geregeld om te libjen. Ik kom yn Grins om te iten en te drinken! Ik gean der hinne foar boeken en muzyk! Of ik kom der om it teater of in film te sjen! De earste bioskoopfilm dy't ik eartiids jinter seach wie yn swart-wyt. Dat wie doe in bjusterbaarlike ûnderfining.
De lêste film dy't ik dêr koartlyn seach - en dy't op dit stuit noch net yn dy oare haadstêd draait - wie ek yn swart-wyt! In film dêr't de hiele wrâld op 't heden oer praat.  In film dêr't gjin wurd yn te beharkjen is.  De 'stomme' film, dy't tige besjen lije mei, wie foar my op 'e nij in memorabel barren. Yn de The Artist sprekt de stilte fan de byldtaal foar himsels. Ik wist it noch fan doe, mar it fenomeen wie my hast ûntsketten. It ûntbrekken fan de stim docht gjin ûnderstek oan it ferhaal. De spilers prate mei de hiele lea. De mûle is as eachlûker inkeld in sinlik ornamint. De haadrolspylster yn The Artist seit mei har ûnthjittende blik mear as genôch en neat te folle. Har opponint sûpt, swetst en racht sûnder lûd like oertsjûgjend as in wâldsjer. Wat sis ik? De film is krekt in boek. In bjusterbaarlik, magysk boek, dat mei de dynamyk fan it yntinse swart en wyt neat minder is as in film yn 3D. Dat ik dêr, nei al dy jierren, wer foar nei Grinslân moast. Sa docht mar wer bliken dat de grinzen fan in taal gelokkich net de grinzen fan de wrâld bepale. Fierder binne wurden, tinkt my, oerstallich.