As skilderje de
wjergea is fan skriuwen, dan is in museum fol skilderijen fansels synonym oan in
moai boek. Dêrom lêze yn 'e regel de measte museums ek dat it slydjaget en
boeie in protte tentoanstellingen likefolle as meinimmende haadstikken fan in
goed rinnend ferhaal. Wa't der nocht oan
hat slacht alle siden seal nei seal mei leafde om.
Der binne museums,
dy'tst - mei tiid en talis - graach op 'e nij lêze wolst. Se laitsje dy as in
moai omkaft alle kearen wer nijsgjirrich ta en mei reklame as pakkende flapteksten
meitsje se like happich as de inketrook fan in spiksplinternij boek. Sa lêst op 't heden de útstalling yn it Singermuseum
fan Laren as in lyrysk epos dat him ôfspilet oan see. En dat is wol in reis
wurdich. Want wat is der spannender as de ferrifeljende streamen fan it ivige
wetter? En wat is der begearliker as doarmje oer in dizige grins fan sân? It kin allegear op in bysûndere lokaasje ergens achter de kust tusken Kaap Griz Nez en Kaap Skagen. It kin yn Laren. Dêr hinget de skildere proaza en poëzij fan de see. Dêr kin elkenien, dy't it ferrin fan syn tocht as bestimming sjocht, reizgje lâns in floed fan ferhalen yn it wiffe ljocht fan it aloan wikseljende tij.
Yn it Singer ferhâldt de skilder him lykwichtich ta syn kollega's mei de penne en de pc. Dêr is literatuer mei it pinsiel skreaun en dichtet in prús palet de kleuren. Sa´n kombinaasje makket blier, stimt ta tinken en slacht sweeslaggerich foar master op. Lykas in ûnferjitlik boek.