Alles



ALLES

Nuver hoe't in neisimmerdei dy
sa ferrifelt, as de lege sinne mei
in skalk each troch de dize glûpt
en it berin de tún it near op leit.

Nuver hoe´t alles slûpendewei
fan aard ferwikselt, as de pûltsjes
noch yn 'e stokken kliuwe en de
lysters har tjirgje yn de koetsebei. 

Mar kinst it de tiid net ferwite
dat it skaad achteleas, as kâlde
fingers op´e hûd, alwer oanwint,
en te hastich nei de jûn ta krûpt.

Kinst it ferfal better mar ferswije,
flamjend ferstjert alles yn´e tún,
sels it lette pôltsje dahlia´s mei
dy djippe kleur fan in iepen wûne.


Sonnet


De grutte dyk del 

It is sein, alles hat in begjin,
de tiid; wat stof en rein; it libben
siedde op âld lân mei al wat der stribbet.
As dat sa is, wa sil dat dan bestride?

De dyk is lein troch wurkershân, as grins
en as paad om fierderop te kommen -  
hâlder fan nij lân, hoeder fan de minsken,
mar as weitsjend slieper hat er lins.

Mei grien en griis belein is it
krekt lânskipkeunst wurdt der sein,
in streek troch it blau is op it each genôch.

Berûn, beriden, wat falt der noch te striden?
Ik woe wol dat ik in stroomfyts hie,
dan fleach ik nei de ein. 


Finsters


Brits Columbia,  augustus 1974
Koppich lûkt de transkontinintale eksprestrein nei Montréal himsels mei in slakkegonkje de Rocky Mountains yn. Wat heger de trein komt, wat hurder de kolkjende Frazer River yn it lûd fan de stilte ferdwynt.
Ik ferfeel my net. De kûpee is in galery fol byldzjende keunst. Op in lange rige skilderijen skoot ûnwrikber berchlân stadich by my del. Finsters fol fonkeljend ekspresjonisme mei in magyske ynslach. De rûch beklaaide griene stienmassa's en wyt beslipe rotsen achter it rút binne it fûnemint fan in robúste wrâld. Dochs fernuveret it my dat de beammen der manmachtich hâldfêst oan fine. Inkele reisgenoaten nimme de oerweldigjende skepping fan de natuer ek stilswijend yn har op. It libben liket him net fan in dream te ûnderskieden, we reizgje frij fan ierdske betingsten troch tiid en romte. De útstalling sil de kommende dagen troch in pear tiidsônes hinne grif geregeldwei feroarje.

Foar yn 'e kûpee klinkt gitaarmuzyk. Op de meldij fan El Condor Pasa dwale myn eagen even sykjend troch de loft. Dan bûch ik my wer oer myn oantekenboekje. ´Ja, ik bin ek leaver in fûgel as in slak,´ skriuw ik op. ´As ik it mar koe. Seker witte dat ik it woe!´ It refrein fan it Simon & Garfunkel nûmer lit him net ûnaardich oersette. Tefreden besykje ik fierder te beskriuwen hoe´t ik my as taskôger foar de finsters fan it ymposante lânskip fiel.
Al wist ik doe fansels noch net dat ik jierren letter yn fûgelflecht oer ferwiksele grinzen werom yn de tiid sjen soe. En ik wist ek net dat ik dy fergetten tekst fan in heuchlike reis hiel oars en yn myn eigen taal ferwurdzje soe. Omdat ik it doe pas koe.

Grinzer Museum, augustus 2012   
Mei niget fuottelje ik yn in slakkegonkje by in lange rige skilderijen del. Finsters fol rûge bergen, ûnbestindige rivieren yn djippe delten en stege beammen dy´t wrakseljend hâldfêst sykje...