In trochsnee
minske lêst wolris boeken. Dy gewoante begjint yn 'e regel al hiel betiid en as
it goed befalt dan wurdt sa'n minske in lêzer. In trochsnee lêzer kriget op syn
jierdei wolris boeken, alteast dêr begjint it meastal mei. De echte lêzer makket
út soarte graach in eigen kar en keapet syn boeken sels. It kin ek oars. De betûfte
lêzer, ien dy't goed om him hinne sjocht, kin ek samar ergens in boek fine:
inkeld komst sokke gratis sweefboeken op in ûnferwachte lokaasje tsjin. Folle
te kiezen is der yn sa'n gefal net. Dan kinst better in boek liene, fan freonen
of famylje bygelyks. Tydlik in boek foar in bytsje jild besette kin ek. Dan
moat men lid wurde fan de biblioteek. Graach ried ik dat de trochsnee lêzer oan.
Want wat yn de biblioteek te heljen is, is noch altiten de muoite wurdich. Wa't
dat te folle muoite fynt kin ek boeken stelle. Dat ried ik lykwols gjin inkele
lêzer oan. De konsekwinsjes binne yn 'e regel djoerder as in boek. Boeken
keapje yn de winkel dat is fansels it bêste. En de lêste mooglikheid is it
ynternet, dêr tilt it op fan boeken. Echte boeken en e-boeken. Even in pear
klear klikke en se stean letterlik en figuerlik flot yn 'e kast. Wa't dat wol
kin sûnt koart ek e-boeken liene by de biblioteek en lêze op in tablet of sa. Dan
moat ik noch fermelde dat elkenien fergees ferskate klassike titels digitaal delhelje
kin. In protte âld wurk is rjochtenfrij. Dy't wat langer siket fynt grif ek aktuele
boeken yn digitaal formaat op syn paad. It is net folle muoite en helje sokke
yllegale eksimplaren fan it net, mar...it mei net, feitlik is it stellen. En dat
ried ik, sa´t ik al sei, gjin inkele lêzer oan, want dat docht in fatsoenlike trochsnee
lêzer net.