Rare skiters



Oeral rinne bisten
Tamme om te aaien en oars wol om op te iten, wylden om te fangen en om op te sluten of se frette in oar as proai wol op. Op it lân en de savannes, yn de bosk en op de flanken fan de bergen. Kninen, kij, bearen, liuwen, oaljefanten, neam mar op. It is foar de wrâld ûnmisber guod.
Oeral fleane fûgels
Wjukjend yn de loft en oer de wolken, boppe see en griene wâlden. Sjongers yn de beammen, balters oer de baren en op de nok fan it dak. Earnen, kobben, mosken, swellen en protters machtich as de miggen. Frank en frij. We sjogge der tsjin op en we kinne der net sûnder.
Oeral swimme fisken
Kâldbloedich swinkend troch it swiet of sâlte wiet. Ranke dûkers sûnder longen, glêde jonges, rappe glûpers yn de sleatten, marren en de grutte dobben. Iel, snoek, hjerring, haai en walfisk . Slachtoffers fan smoarge minskestreken, fjochtsjend leger tsjin de streamen op.
Oeral sjochst ynsekten
In grut ferskaat fan lytse wûnders. Tûke krûpers, hippers, wrotters op of ûnder ierdske lagen, swevers op de wyn, hoeders fan de blommen. Mychhimmels, krobben, bijen, flinters, neefkes, tûzenen miljoenen, safolle, tel se mar ris, it hâldt noait op en giet mar troch.
Oeral binne minsken
Riken en earmen, roppers en razers. In protte dôf en blyn foar rjocht en frede foar mins en bist. In protte sûpers, fretters, smokers, spuiters, sjitters en alderhande oare rare skiters. Jong of âld, wrede en minne, peste, fjochtsje, moardzje. Minsken, minsken, minsken, wêr moat dat hinne? 

Hjir

Hjir

Hjir bist, hjir rinst stadich
op in kaart beskreaun
yn de taal fan dyn gedachten.
Hjir kinst dysels as in oar
fine yn in libben spoar
tusken stien en beton
fan in ierdsk fûndamint
dat wachtet, dat waakst,
en de tiid berint mei
mienskiplike krachten.
Hjir klinkt it lûd as in koar -
ûnder it each fan de loft
is de lucht dy suver oermachtich.
Hjir giet de sinne syn gong
oer de neakene hûd
en wurdt it ljocht
as in reinbôge besongen.

Ast net better wist dan
soest sawat tinke datst
de nije wrâld foar dy hast,
sa evenredich leit it der hinne.

Yn dit katedrale rudimint
sûnder timpelwanen draacht
de massa in wis karakter,
it is gjin leauwe, mar ferstân,
dat it ferskil yn it libben makket.
Beammen bouwe gjin byntwurk
fan wankele dreamen.
Ygdrasil´s bern spanne de kroan
en siedzje it sied oer it gea.
Stien op stien op stien
wierret de wierheid oan,
as in berch yn in griene see.
Yn dit hûs fan de romste tiid
lemieret de ferwachting.
Hjir fynst de wurden
om it tinken te bepalen.
Hjir garrest bylden en steapelest
mei lege hannen nije lagen.
Hjir witst datst it paad nimst
yn in labyrint fan oerferhalen.
Hjir bist watst bist en wurde silst.


Hjir giest... hiel stadich...