Tamme om te aaien en oars wol om op te
iten, wylden om te fangen en om op te sluten of se frette in oar as proai wol
op. Op it lân en de savannes, yn de bosk
en op de flanken fan de bergen. Kninen, kij, bearen, liuwen, oaljefanten, neam
mar op. It is foar de wrâld ûnmisber guod.
Oeral
fleane fûgels
Wjukjend yn de loft en oer de wolken, boppe
see en griene wâlden. Sjongers yn de beammen, balters oer de baren en op de nok
fan it dak. Earnen, kobben, mosken, swellen en protters machtich as de miggen. Frank
en frij. We sjogge der tsjin op en we kinne der net sûnder.
Oeral
swimme fisken
Kâldbloedich swinkend troch it swiet of
sâlte wiet. Ranke dûkers sûnder longen, glêde jonges, rappe glûpers yn de sleatten,
marren en de grutte dobben. Iel, snoek, hjerring, haai en walfisk .
Slachtoffers fan smoarge minskestreken, fjochtsjend leger tsjin de streamen op.
Oeral
sjochst ynsekten
In grut ferskaat fan lytse wûnders. Tûke krûpers,
hippers, wrotters op of ûnder ierdske lagen, swevers op de wyn, hoeders fan de
blommen. Mychhimmels, krobben, bijen, flinters, neefkes, tûzenen miljoenen,
safolle, tel se mar ris, it hâldt noait op en giet mar troch.
Oeral
binne minsken
Riken en earmen, roppers en razers. In
protte dôf en blyn foar rjocht en frede foar mins en bist. In protte sûpers,
fretters, smokers, spuiters, sjitters en alderhande oare rare skiters. Jong of âld,
wrede en minne, peste, fjochtsje, moardzje. Minsken, minsken, minsken, wêr moat
dat hinne?