hâldfêst

Jou gjin oardiel oer in boek om it kaft, seit in bekend Ingelsk sprekwurd. No moat ik earlik bekenne dat ik dat yn 'e regel wol doch. De bûtenkant seit neffens my in hiele protte. Dan ha 'k it net oer de bibel of de koran of sa, mar oer in nijsgjirrich boek, in boek datst yn 'e boekhannel keapest. En yn it ramt fan dit skriuwen is yn de winkel keapje de bêste opsje. No wit ik ek wol dat it by in boek, krekt as by de mins, om it ynderlike giet en net om de bûtenkant, want lykas by de mins kin it binnenste fan in boek knap tsjinfalle. Dreech fan stof, kliemsk, langtrieddich of útsprutsen oerflakkich. It binne kenmerken dêr't je as lêzer net op sitte te wachtsjen. Ik wit it út ûnderfining, soms is der gjin sek oan it eksimplaar dêr'tst mei thúskommen bist, wylst it uterlik dy noch sa talake. Bytiden is it gewoan in gok. Dus brûk it ferstân at de ponge of de pinpas  út 'e bûse komt en jou de sinnen de frije hân. Stek, nei datst de eagen goed de kost jûn hast, de hannen út 'e bûse. Besjen en befiele, dat is net ferkeard. It jout in minske yn tiden fan twifel hâldfêst. It giet om de estetyk fan kleur, maat en gewicht!  Al kin de lucht ek noch wolris de trochslach jaan. Dat stek om teloarstelling foar te wêzen gerêst de noas der yn. Mar tink derom! Opsichtich is faak goedkeap en wat djoer liket hoecht net folle ynhâld te ha. Wat artistyk docht folle mear. It moat in keunstwurk wêze. Smaken ferskille, dat is wier, mar wa't der wat each foar hat, dy sil him net fersinne.