ienlik

Der is op de wrâld mear skreaun as dat der oait lêzen wurde sil, dat wie myn earste gedachte, doe't ik mei in lichte sucht in boek fan sawat tûzen siden iepensloech. Dat men kin fan tinken ek wol ha dat der grif mear boeken binne as kilometers dy'tst gemiddeld yn it libben ferreizgje silst. It boek, dêr't ik oer teset bin, hat mear as genôch tekst om in moai skoft mei ûnderweis te wêzen. It earste haadstik koe minder. Op it kaft stiet datst it ferhaal oanienwei troch útlêze wolst ast der oan begjinst.  Salang duorret myn reis net, mar it lêst al as it slydjaget. It ferhaal, in lyrysk epos kin ik better sizze, giet oer de reis fan in man yn syn tiid. In reis fan it bêrteplak oant, nei alle gedachten, it plak fan stjerren. No sil grif net elkenien syn libbensreis sa'n tsjok boek wurde, lit stean dat it dan flot lêst, mar ek by in oar sille der altiten wol in stikmannich kilometers by sitte dy't de muoite wurdich binne en gean der mei de tekstferwurker by del. Ik besykje it ek wol ris. Gauris fal ik healwei de rit yn in episoade. Dan stribje ik nei in meinimmende tekst dy't, as it spoar, troch de fertelde tiid strûst of der krekt geandewei stadichoan trochhinne slofket om de lêstiid yn in ôfwikseljend en boartlik patroan syn gerak te jaan.  Soms gean ik yn de tiid werom en inkeld sjoch ik blynseach foarút. Der moat al wat yn stean om oer nei te tinken. Faak is it lykwols in ienlike tocht fan lege siden. Nee, de noch te bereizgjen kilometers skriuwe net samar in bestseller. Mar de reis giet altiten ergens hinne en dan docht it der net safolle ta, sels net as it trajekt yn in bedrige taal beskreaun wurdt.


yn 'e frede


Yn 'e frede

Ik socht om wat rêst en rede,
dat ik gong even in slach om
yn de stêd fan it hôf.
Dêr, net fier fan myn bêd,
fielde ik my feilich yn de nacht
dy't gjin wierheid ferswijde.

Earlik sein socht ik om de frede
en it rjocht dêr't safolle om freegje
en ik tocht: hjir fyn ik dat grif.

Mar dêr't ik eartiids mei
hûnderttûzenen protestearre
en song: ban de bom,
dêr wie it hûs fan de frede
mei hege hekken omsletten
en de poarte potticht,
ek al baarnde der folop ljocht.