Der is op de wrâld mear skreaun as dat der oait
lêzen wurde sil, dat wie myn earste gedachte, doe't ik mei in lichte sucht in
boek fan sawat tûzen siden iepensloech. Dat men kin fan tinken ek wol ha dat
der grif mear boeken binne as kilometers dy'tst gemiddeld yn it libben
ferreizgje silst. It boek, dêr't ik oer teset bin, hat mear as genôch tekst om
in moai skoft mei ûnderweis te wêzen. It earste haadstik koe minder. Op it kaft
stiet datst it ferhaal oanienwei troch útlêze wolst ast der oan begjinst. Salang duorret myn reis net, mar it lêst al as
it slydjaget. It ferhaal, in lyrysk epos kin ik better sizze, giet oer de reis
fan in man yn syn tiid. In reis fan it bêrteplak oant, nei alle gedachten, it
plak fan stjerren. No sil grif net elkenien syn libbensreis sa'n tsjok boek
wurde, lit stean dat it dan flot lêst, mar ek by in oar sille der altiten wol
in stikmannich kilometers by sitte dy't de muoite wurdich binne en gean der mei
de tekstferwurker by del. Ik besykje it ek wol ris. Gauris fal ik healwei de
rit yn in episoade. Dan stribje ik nei in meinimmende tekst dy't, as it spoar,
troch de fertelde tiid strûst of der krekt geandewei stadichoan trochhinne
slofket om de lêstiid yn in ôfwikseljend en boartlik patroan syn gerak te
jaan. Soms gean ik yn de tiid werom en
inkeld sjoch ik blynseach foarút. Der moat al wat yn stean om oer nei te
tinken. Faak is it lykwols in ienlike tocht fan lege siden. Nee, de noch te
bereizgjen kilometers skriuwe net samar in bestseller. Mar de reis giet altiten
ergens hinne en dan docht it der net safolle ta, sels net as it trajekt yn in bedrige
taal beskreaun wurdt.