Guon
rinne der by del, oaren bliuwe der foar stean, in inkeling giet der in skoftke
foar sitten. By alle trije soarten taskôgers kinst dy ôffreegje: wat nimme se
waar? Of wa nimt wat der te sjen is goed yn him op? En wat ûntdekt in oar wat guon
krekt misse? Want it sil net sa wêze dat
elkenien itselde oereaget. Op it earste gesicht miskien wol, mar úteinlik
sjocht elk mei de eagen dy't er sels is. Eagen dy't in ferhaal sykje bygelyks,
miskien wol mei in moraal, of eagen dy't foar de feroaring de werklikheid yn in
oar ljocht sjen wolle en of eagen dy't it bedroch fan de yllúzje net ûnderskiede
kinne. Sis it mar, de ferbylding docht it wurk. By de iene grif wat mear as by
de oar.
Sa
stappe guon soms skodholjend en skouderlûkend by it fertoande del. Tagelyk dogge
oare lju it har belangstellend wat mear oan tiid en besjogge de útstalde keunst
mei of sûnder krityk. Oaren reitsje miskien in momint ferwûndere en litte de foarstelling
fierder suver ûnferskillich oer har hinnekomme.
Mar de
inkeling dy't him yn alle rêst der by
deljout sjocht nei alle gedachten alles. Dy wurdt rekke troch de macht fan de
ferbylding en is fernuvere oer de artistike driuw. Dy wurdt optild troch de autonome
kracht fan skiente. Dy wurdt meinaam troch it goede, it moaie, de wiere aard fan
keunst. Dy inkeling wurdt ûnderdompele yn in religieus gefoel fan estetysk
gelok. En oars pakt hy of sy út 'e macht fan de gewoante it mobyltsje der gewoan
even by.