Wat fierder ast fan hús
west hast, wat dreger de ôfrin fan in reis faak is. Der wurdt ommers in bân
ferbrutsen, wylst de ferbining mei it thúsfront noch stal krije moat. It
oanboazjende gefoel fan in kâlde leechte liket wol in warskôging. Sa fan: tink
derom, it is gebeurd. Wat oer en foarby is komt net werom! It iennichste watst
noch dwaan kinst is besykje sa lang mooglik fêst te hâlden oan de sangerige rûs
fan de reis.
Ofstân nimme falt
altiten ôf, ek fan in stikje tiid. Alle dagen telle. Ien dei likefolle as
hûndert. Alle ferfleine tiid bliuwt in gemis dat dy rekket. Miskien wol te
ferlykjen mei in kadoke dat dy ôfpakt wurdt. Of mei de domper dyst fielst as de
simmer foarby is en de lange winter foar de doar stiet. Miskien docht it noch
wol it measte tinken oan it ferlies fan in wichtich stik tekst, omdat it net
opslein is.
Lang om let wer thús
giet de fersteurde idylle dy gelokkich net lang oer de lea. Al reitsje de
oantinkens stadichoan wol yn it ferjitten. En wolst it fuortslûpende ferline
beskriuwe, dan is it spitigernôch hieltiten dreger om it ûnder wurden te
bringen. Thús is alles wer sa
gewoan. Dan moast it dwaan mei de langst nei withoefier wer fuort en de
gedachte dat ergens hinne sille hast like moai is as ergens hinne gean, mar dat
it fierwei it moaiste is, ast alwer ergens oars bist.