skoft



Ast oerdei by de see de weagen almar gean en kommen sjochst,
dan kinst dy suver wol yntinke wērom oft de tiid ûneinich is.

Ast by jûn yn de bergen alle tiid fan de wrâld yn eagenskou nimst,
dan witst dat dyn eigen bestean dy minder as yn in sucht ûntnadere is.

En ast dan nachts ûnder de ûnbidige stjerreloft sikest nei it skoftke dat
der noch is, dan wolst alle tiid dyst kwytrekke bist it leafst mar gau ferjitte.

along the way



Along the way

Underweis sjoch ik rûnom beammen stean,
heech, breed, steatlik, mar ek licht en linich
stean se dêr’t se stean, se gean nergens hinne,
it waar docht har neat, se jouwe nergens om,
stilstean sit har yn de genen, it is wat se binne.

Tagelyk fleane se my foarby, ik sjoch se
lofts en rjochts yn lange, griene rigen gean,
ik sjoch se yn in flits, ik sjoch se sweven,
it liket krekt of stean ik stil en stowe sy
as minsken op tsjillen hastich troch de tiid.

Underweis ferrifelje my lykwols gau de sinnen,
want in beam hoecht ommers nergens hinne,
dy nimt alle tiid en ik bin de rêstleaze reizger
yn beweging, ik jei yn sân hasten troch it libben,
woartele yn de fêste grûn kom ik net fierder.





19

2019

Oeral dêrst west hast is gjin bestimming
mear, want oeral dêrst wiest is it ferline,
wylst oeral dêrst hinne silst de takomst is.

Oer alle wegen giet it withoefier fierder:
moarn, oaremoarn, takom wike, it nije jier.

Oeral binne bestimmingen te berikken
ast it dy oan tiid dochst en gean der hinne.