Along the way
Underweis sjoch ik rûnom beammen stean,
heech, breed, steatlik, mar ek licht en linich
stean se dêr’t se stean, se gean nergens hinne,
it waar docht har neat, se jouwe nergens om,
stilstean sit har yn de genen, it is wat se binne.
Tagelyk fleane se my foarby, ik sjoch se
lofts en rjochts yn lange, griene rigen gean,
ik sjoch se yn in flits, ik sjoch se sweven,
it liket krekt of stean ik stil en stowe sy
as minsken op tsjillen hastich troch de tiid.
Underweis ferrifelje my lykwols gau de sinnen,
want in beam hoecht ommers nergens hinne,
dy nimt alle tiid en ik bin de rêstleaze reizger
yn beweging, ik jei yn sân hasten troch it libben,
woartele yn de fêste grûn kom ik net fierder.