Safolle
boeken dy’tst noch net lêzen hast, sa’n protte dy’tst noch lêze wolst en dan ek
noch al dy masterwurken dy’tst noait lêze silst. It is krekt as mei in soad
plakken op de wrâld dêr’tst sa graach noch ris hinne wolst, mar dêr’tst nei
alle gedachten noait komst. It bliuwt der by.
Sels al leit dat gaadlike guod leidich binnen hânberik of kinst it
online en yn ’e boekhannel maklik besette, it binne en bliuwe suver ûnberikbere
bestimmingen.
Mei tiid hat it net folle te krijen, tiid om te lêzen is der mear as tinkst en mei dy tiid kinst talis meitsje. Faaks hat it wol wat mei it formaat te krijen, want sels al bliuwe dikke boeken dy lykas fiere reizen gauris langer en better by, se bliuwe as reizen dy’t hieltiten mar we útsteld wurde faak it langste lizzen. Net oars as wie in dik boek in swier te rissen lêst, dêr’t net elkenien de ein fan hellet. Sa’n boek dat amper lêzen wer mei nei hûs werom komt, mei de ferbrutsen magy fan it ferhaal noch yn it kaft ferburgen, as in ûnferwachts ôfkappe reis.
It is fansels tige spitich dat al dy boeken harren ferhaal net kwyt kinne. Tagelyk is it tryst datst in protte reizen yn it literêre lânskip noait meitsje silst. En is it net begrutlik datst net mei alderhande nijsgjirrige minsken út de ferhalen yn de kunde komst? Wat dochst dy as lêzer eins nuver te koart. Kinst dy ek ôffreegje: wat dochst dy boeken oan? Boeken fertsjinje better. Boeken wolle net yn it stof fan ferjitnis wachtsje oant se lang om let oppakt wurde. Hawar, it is net oars, ik ha my der by dellein, de wrâld dy’t it ferskil yn in minskelibben meitsje kin, sil wol in sletten boek bliuwe.