tûk


Aksioma’s

In tûke skriuwer is wat oars as in literêr merakel.
In literêr merakel skriuwt gjin tûke tekst.
Net alle skriuwers binne literêre merakels.
Tûk skriuwe stiet tsjinoer keunst, lykas in
beskaat talint streekrjocht tsjinoer in jefte stiet.
In jefte ûntjout him út himsels mei rêde stappen,
wylst talint yn ’e regel stadichoan mei muoite waakst.
Skriuwers mei in jefte ha dat sels faak net yn ’e gaten.
Bejeftigen ha wol ris in gebrek oan eigenwearde.


Tûke skriuwers gean faak mei harren talint op ’e rin.
In talint kin min krityk op syn/har boek ferdrage.
In tûke kritikaster is net itselde as in tûke lêzer.
It nut fan krityk op in boek is diskutabel.
Kritikasters binne selden tûker as de trochsnee lêzer.
Boeklêzers binne oer it generaal net dom.
In boek skriuwe, dat is tûk, mar gjin merakel.
In boek lêze, dêr wurdt de lêzer tûker fan.
In tûk boek is hast itselde as in merakel.