in lofsang


Dyn lûd, dat as it liet fan de ierde klinkt
en faak tenearenacht sûzet yn ’e earen
of djip bolderet as flamjend himelfjoer.

Dyn rook, dat op ’e lippen te priuwen is
en him graach ûndertaastend opsnuve lit
om my bolbjirken yn ûnstjoer te bringen.

Dyn ljocht, dat oeral mei de wjerskyn   
fan ferheven loften op myn netflues daget,
dat hat myn wrâldbyld ta libben brocht.  

Wylst ik op wjukken opdroegen waard,
seach ik yn dyn spegel de oertiden lizzen.
Ik woe, dat ik dyn takomst sjen bliuwe koe.



ús heidelân

Soleil Vivant

Monet socht it ljocht net yn ’e Wâlden,
dat by’t lemieren as in dimme see oer
ús romrofte heidelân leit en yn ’e rin
fan de dei rimpen oer de beamwâlen lûkt,
om jûns mei it opslûpene skaad as in
útdôve floed yn de skimer te fersûpen.

Oars hie er op it doek wol in ympresje jûn
fan in waarmgriene Maaie, mar net minder
fan blauwyt bepleistere simmerloften of fan
hjerstich, ûntheistere bosk en keale greiden   
op in bestindige, sniewyt beripe winterdei
mei glûpend kâld trochwaaide grize tinten.

Ja, Monet hat it ljocht mist yn ’e Wâlden
en Vincent kaam net fierder as Drinte.