Soleil Vivant
Monet socht it ljocht net yn ’e Wâlden,
dat by’t lemieren as in dimme see oer
ús romrofte heidelân leit en yn ’e rin
fan de dei rimpen oer de beamwâlen lûkt,
om jûns mei it opslûpene skaad as in
útdôve floed yn de skimer te fersûpen.
Oars hie er op it doek wol in ympresje jûn
fan in waarmgriene Maaie, mar net minder
fan blauwyt bepleistere simmerloften of fan
hjerstich, ûntheistere bosk en keale greiden
op in bestindige, sniewyt beripe winterdei
mei glûpend kâld trochwaaide grize tinten.
Ja, Monet hat it ljocht mist yn ’e Wâlden
en Vincent kaam net fierder as Drinte.