kleur

Painted Lady

It farve famke siket
nei kleur yn it bestean,
it doel dat har libben
in bestimming  jout.

Sa flinteret se grinsleas
en frij troch it fleurige
spektrum fan de simmer.

Of binne it de geuren
dy’t har bewege yn de
snuorje fan har syklus?

Hoe't it ek sit, ik hoopje 
foar har dat se net wit,
dat har tiid wol grinzen hat,
want it rint ommers
alwer nei ein augustus.