‘By fyftich
persint fan alle tiidskriftabonnees
bliuwt it blêd yn
it plestik lizzen, sizze se.’
‘Hoe komst dêr sa by?’
‘Hoe komst dêr sa by?’
‘Dat ha ik ergens
lêzen.’
‘Ja, wêr oars?’
‘Dan is it nepnijs.’
‘Gjin sprake fan.’
‘En dy oare
fyftich presint?’
‘Dy pakke it blêd
út en besjogge
allinnich de
plaatsjes!’
‘Dat fernuveret my
neat, ik mei ek graach
plaatsjes besjen.’
‘Omdat jim thús froeger
lid wienen fan De Lach tink?’
‘Ja, ha de gek der
mar mei, mar oanskôchlik materiaal makket wol wizer,
dêrom is it ynternet ek sa populêr en wurdt der amper
noch fan papier lêzen. ’
‘Dêr koest wolris
gelyk oan ha!’
‘Wêr bisto lid
fan?’
‘Och, allinnich
mar fan XXXXXX.’
‘O? Dat is sa’n
literêr blêd, of net?’
‘Dat sizze se.’
‘Bist al lang lid?’
‘Al jierren.’
‘Stean der ek
plaatsjes yn?’
‘Dat wit ik net.’
‘Hoe sa?’
‘Se sitte noch yn
it plestik.’