It skoft telt net
Om der hinne te gean,
om der te kommen
en om der te wêzen, it
nimt allegear tiid.
Likegoed giest
ûnderweis om dyn doel te
berikken en der te
bliuwen salang ast kinst.
Ien dei, in pear dagen,
noch langer of in oere,
it skoft telt net, as
it de muoite wurdich is
dan muoit dy de reis
dy’tst makke hast selden.
Om der wer wei te gean,
om achter te litten
dêrst dy deljaan koest
en om tebek te sjen:
dat bliuwt dy noch
skoften yn de holle sitten,
al rekkest
dat spitigernôch oait ek wer kwyt.