nuvere berjochten



It wie stil ûnderweis: yn de útstoarne haadstrjitte fan it oanbuorjende doarp, op it lege fytspaad nei de mar, even letter op de parallelwei, ja sels dernjonken op de grutte fjouwerbaansdyk nei de haadstêd. Stil as op in sneintemoarn. Amper fytsers. Hurdrinners: in pear. Auto’s wienen op ien hân te tellen. Stilte dus, mei romte foar it iere lûd dat nei de maitiid siket. Ljippen: inkele. Skriezen: ûnsichtber yn ’e fierte. Guozzen yn lûdroftige keppelflechten by de fleet. It waar hold lykwols de siken yn. De mar wie in see fan stilte.
Oeral wienen de titelroazen wer betiid dit jier en it gers, och dat gers wie de hiele winter al grien. Op in deade tûke luorke in mûzebiter as in roppige aasgier swijend nei ienlike fytsers.
Doe’t ik nei myn stille omgong wer op hûs oan kearde en noch even in slach troch it doarp die, like alles like warber as normaal, mar nergens wie in bakje kofje mei wat der by te krijen. It Grand Kaffee, de boekhannel en de biblioteek, it kroechje by de merke. Ticht! Om stil fan te wurden. Wat moast ik no?
Ik tocht ynienen oan dy man fan 47. Dy stille man, nei alle gedachten gjin prater, mar wol wist wat er woe. Moandeitemoarn gong er ta syn fernuvering net mei it buske nei syn wurk op it deiferbliuw. Sletten! Wat moat ik dan? sil er tocht ha. Want yn syn holle gong grif in protte om. Miskien wie er wol bang fan alle nuvere berjochten. De stille man pakte de fyts en sette ôf.
Dat koe ik my yntinke, ast net witst watst moatst, ast net sizze kinst wat dy troch de holle spûket, dan pakst de fyts. Dan setst dy skrep op de trapers en begjinst te jeien as it spoar. En it spoar rekke de fytser spitigernôch bjuster.
Mei man en macht ha se in dei en in nacht om him socht. Helikopters ferbrutsen by jûn de stilte oer de Wâlden. Wat soe der wêze tocht ik noch, wat moatte dy dingen sa let yn de loft? Se fûnen de man de oare deis, stil en stoef fytsend deun by de Dútske grins.
It gedicht fan dy túnman en de dea kaam my yn ’t sin. Oer de túnker dy’t útnaaide omdat er benaud wie dat de dea him helje soe. Isfahaan wie foar dy fytser gelokkich te fier fuort. Om kofjetiid wie ik wer thús. Betiid genôch en doch noch even in hântaast yn de tún. Der moast nedich snoeid wurde. It wie stil yn it hofke mei de roazen. 




krisis




DE KOPPEN

Moandeis stie der
mei fette blokletters
KRISIS yn de krante. 

Op tiisdei kaam it wurd
DRAMATYSK sterk oan bod.

Woansdei sette mei de term
SKOKKEND in flymskerpe toan.

De tongersdei kopte doe mei
KATASTROFAAL, ek al klonk
it retoarysk suver wat gewoan.

Sadwaande pakte freed
grut út yn it kapitale
HERTFERSKOURREND
en in djiptepetear mei
in griperige senuwpasjinte.

De sneons gong it haadartikel
oer alle net te mijen RAMPEN
dy’t tenei noch as in gisel
op de wrâld delslaan sille.

Op snein leinen de kranten
al ridlik gau by’t âldpapier,
op de reklamefolders nei,
omdat de winkels op dy dei
gelokkich (noch) iepen wienen.

skriuwe


Ik soe ...

Datst dan ergens komst
en dat der dan ien seit:
skriuwst ek noch altiten
yn de Fryske taal en ...
hoe giet it dêr eins mei,
lêst men dat noch wol?

Datst dan eins net goed
wist watst sizze silst,
omdat it dy oerfalt en ...
rekket yn it hert, mar
datst it skouderlûkend
der fierder mar by litst.
  
En datst dan letter tinkst,
hie ik mar wol wat sein,
want fan minsken dy't
har opponearje is altyd
te min ferlet, mar slûge
soe ek en stoar earder.