nuvere berjochten



It wie stil ûnderweis: yn de útstoarne haadstrjitte fan it oanbuorjende doarp, op it lege fytspaad nei de mar, even letter op de parallelwei, ja sels dernjonken op de grutte fjouwerbaansdyk nei de haadstêd. Stil as op in sneintemoarn. Amper fytsers. Hurdrinners: in pear. Auto’s wienen op ien hân te tellen. Stilte dus, mei romte foar it iere lûd dat nei de maitiid siket. Ljippen: inkele. Skriezen: ûnsichtber yn ’e fierte. Guozzen yn lûdroftige keppelflechten by de fleet. It waar hold lykwols de siken yn. De mar wie in see fan stilte.
Oeral wienen de titelroazen wer betiid dit jier en it gers, och dat gers wie de hiele winter al grien. Op in deade tûke luorke in mûzebiter as in roppige aasgier swijend nei ienlike fytsers.
Doe’t ik nei myn stille omgong wer op hûs oan kearde en noch even in slach troch it doarp die, like alles like warber as normaal, mar nergens wie in bakje kofje mei wat der by te krijen. It Grand Kaffee, de boekhannel en de biblioteek, it kroechje by de merke. Ticht! Om stil fan te wurden. Wat moast ik no?
Ik tocht ynienen oan dy man fan 47. Dy stille man, nei alle gedachten gjin prater, mar wol wist wat er woe. Moandeitemoarn gong er ta syn fernuvering net mei it buske nei syn wurk op it deiferbliuw. Sletten! Wat moat ik dan? sil er tocht ha. Want yn syn holle gong grif in protte om. Miskien wie er wol bang fan alle nuvere berjochten. De stille man pakte de fyts en sette ôf.
Dat koe ik my yntinke, ast net witst watst moatst, ast net sizze kinst wat dy troch de holle spûket, dan pakst de fyts. Dan setst dy skrep op de trapers en begjinst te jeien as it spoar. En it spoar rekke de fytser spitigernôch bjuster.
Mei man en macht ha se in dei en in nacht om him socht. Helikopters ferbrutsen by jûn de stilte oer de Wâlden. Wat soe der wêze tocht ik noch, wat moatte dy dingen sa let yn de loft? Se fûnen de man de oare deis, stil en stoef fytsend deun by de Dútske grins.
It gedicht fan dy túnman en de dea kaam my yn ’t sin. Oer de túnker dy’t útnaaide omdat er benaud wie dat de dea him helje soe. Isfahaan wie foar dy fytser gelokkich te fier fuort. Om kofjetiid wie ik wer thús. Betiid genôch en doch noch even in hântaast yn de tún. Der moast nedich snoeid wurde. It wie stil yn it hofke mei de roazen.