Wat
kin der in protte feroarje yn in lyts skoftke tiid. En wat bliuwt der tagelyk
ek noch folle by itselde. Ien jier; tweintich jier; in minskelibben. Alles
ivich fan itselde is lykwols gau tefolle. En feroaring is spitigernôch net
altiten foarútgong, mar gjin feroaring hielendal net.
Novimber
is altiten novimber: de grize prelude fan desimber. In foarspul mei mankelike
klanken fan it falske sentimint yn in hjerstsonnet. Ja, de alfde moanne falt
faak swier. Dreech as de muoite dy’t it kostet om in stichtlik stikje tekst mei
te fier sochte wurden te skriuwen. Drôf as de alinea’s dy’t smoare yn mislearre
byldspraak foar hertsear en de smerten fan de tiidgeast.
Novimber
hat wat mankelyks dat desimber net hat. As foarlêste moanne set er de toan foar it besef dat it libben
ûnomkearber is. De slachtmoanne warskôget alfêst dat it jier hast om is en foar
it grutste part ferlern. De sinne jout it oer. It waar slacht om, de kjeld wint
oan. It hat syn útfallen, mar mei de knepen ynwindich, is novimber like ritich
as bestindich. Men kin nergens mear hinne. Der is inkeld romte foar minder, wat
ús wachtet is it lot fan desimber. It slotstik dat as in falsk rekwiëm
klinkt.
Novimberdagen
ferfalle geandewei apatysk yn obskuere nachten. Fjouwer latinte winterwiken -
fan aldergeloks mar tritich dagen - om
lydsum te dragen. Stoisynske dagen dy't, ek as it reint en stoarmet, amper
feroarje en ivich itselde lykje. It is net oars. De oanrin nei de ein hifket de
wearde fan de tiid. In deadwaner fansels, mar faaks in tapaslike metafoar foar
alles wat foargoed feroare is en benammen foar de pine oer wat noait wer
itselde wurdt.