fleane

 
Ien prikje, samar klear, mar doe wie it ôfwachtsje wat der fan komme soe. De prik sels die net sear. Se hie dy deis al santich dien, sei de prikster, dat ik siet der ek net oer yn. It gong der fansels foaral om hoe’t it my oer de lea gean soe. By guon koe it nuver beteare.  Yn de bysluter dy’t ik krige, lies ik wêr’t ik mei rekken hâlde moast. Dwilens, pineholle, koarts! Byferskynsels dêr’t ik net op siet te wachtsjen, dat ik joech my jûns bytiids del.   
En pakte it ferkeard út? Krektoarsom! Healwei de nacht bedarre ik yn in dream, in rûs of faaks in hallusinaasje? It wie yn alle gefallen gjin koarts. Wier, wier, ik liich der net om, it wie bjusterbaarlik. Ik koe fleane! Ik fleach as in ûntsnapte fûgel de frijheid temjitte. De wrâld lei ûnder my. Ik skearde yn dûkflechten oer de beammen as sieten se my nei. Ik sile oer bosk en lân, se koenen my net krije. Ik sweefde as in drone boppe giele greiden fol mei hynsteblommen en ik liet my gean. Fleane is ferrekte moai wurk!
Sa sit je jier op jier thús en sa bart der nochris wat. It spite my tige dat ik wekker waard. Gelokkich noch wol yn hegere sfearen en dan joust dy noflik wer del. Wat letter waard it noch gekker. Ik wie op in grut feest en gjinien hie in masker op. Dat feest hie om my net hoecht. It wie my te drok oan ’e holle. Ik gong der even ôf. Doe’t ik de eagen wer tichtdien hie, reizge it my noch troch de holle. Skande tocht ik, al dat folk dat bang foar sa’n prikje is, wylst der safolle wille fan ha kinst. Skande ek, dat ik wiken en wiken wachtsje moat op myn twadde shot om wer fleane te kinnen.