Kij

 Kokedei

Strie, hea, stront,
it rûkte as in ynsiedde berm
mei simmerblommen.

Kij, pinken en keallen,
it klonk as in koar
dat in striidliet song.

‘Waar komen ze vandaan?
sei in jonkje nijsgjirrich.
‘By de boer wei’, sei heit
wat noartsk yn it Frysk, as wie it neat bysûnders.

Strie, hea, stront,
de minsken wâden
der gewoan trochhinne.

Kij, pinken en keallen,
de pronk fan grutske feinten
en fammen yn wite klean.

‘Is het koe en koeien?’
frege in moslimfamke nijsgjirrich
‘Ko en kij’, ferbettere
it freondintsje har temûk
mei in glimke om'e mûle.