Wy ha nei Rotterdam west om Hopper te sjen. Edward Hopper, modern skilder dy’t yn 1967 healwei de njoggentich ferstoar. Acht skilderijen fan syn hân hongen yn de Keunsthal tusken in protte oar wurk fan Amerikaanske tiidgenoaten. Fierstente min fansels, mar om ús de muoite wol wurdich en stap yn ’e trein om der hinne. It hat skoan foldien, de reis en de keunst. Benammen it wurk fan Hopper mocht tige besjen lije.
De wrâld fan Hopper bestiet út yn harsels kearde minsken, ienlingen faak, meast djip yn gedachten, dy’t like leech lykje as de romten om de minsken hinne. Wa’t wolris oer de grutte dobbe tein is, moat hast wol dy bylden werkenne. En wa’t wolris oan ’e eastkust by de Atlantyske Oseaan stien hat sil grif in fjoertoer of fan dy hûzen as katedralen sjoen ha, dy’t as troch in moard ferlitten yn dat wûnderlike ljocht boppe de kliffen de loft yn tuorje. Dy riedseleftige monuminten fan stilte binne ek troch Hopper ferivige. Lykas de oan it lot oerlitten treinspoaren yn desolate lânskippen. Metafoaren fan ferfrjemding. Besykje it mar ris te begripen en fyn mar ris in ferklearring dy’t rjocht docht oan it fenomeen fan syn wurk, mei’t it goed te beskriuwen is. Ik jou it jim te dwaan, mar ik doch it.
De skilderijen fan Hopper wekke romtlik de nuveraardige yndruk dat se grutter lykje at se binne. Rûnom sjocht men oerhearskjende widens. It docht dat it reizgersbloed him begjint te opponearjen, sykjend nei lânskippen en ikoanen fan dat ûnbidige lân yn ’e hope dat se noch bestean. Hopper seach se en lei se fêst. Fata morgana’s yn it twiljocht fan ferlokking en ferlangst. Dat lûkt. Men soe sa yn har beklamming weiwurde wolle. Men soe sa ien wurde wolle mei de stilte. As backpacker, as fytser, as passazjier. It docht er net ta as wat. Doarmje oer it kontinint dêr’t achter elke kime in oare ûnbeheinde kime leit. Sykje nei bestimmingen dy’t wachtsje op reizgers dy’t algeduerich ûnderweis binne. Reizgers dy’t har lot ûntwike wolle of inkeld omdat it harren lot is om te gean en se net oars kinne.
Op ien fan dy bestimmingen wachtet in slanke frou yn in reade jurk. Se stiet mei de earms oerinoar yn ’e doar fan in hûs. In bytsje nonsjalant, in bytsje arrogant, mei reade, folle lippen. Troch de brede râne fan har hoed falle de eagen wei yn it skaad. Mar har eachopslach rjochtet him sûnder mis op de sjogger nei it doek, selsbewust, wylst de sinne ûnmeilydsum oer de keale flakte baarnt. It is op in lome moarn yn South Carolina. Wa is dy frou? Wat is har ferhaal? Wêr sit se mei har gedachten? Men kin der mar nei riede. Stiet se wol op ien te wachtsjen? Hopper hat in rol foar har betocht dy’t wy net kinne. Hy hat har foar it fuotljocht helle om ús op ’e doele te bringen. Se is net al te jong en net âld. Se is oantreklik. In mem of in dochter miskien? In freondinne of in maitresse? In hoer? Se stapt lichtsjes nei foaren mei de foet op de drompel. Se stiet op de grins fan werklikheid en fiksje, tusken wierheid en bedroch. Se is in yllúzje. In ûnberikber eroatysk fantoom. As passant kin je allinnich mar nei har sjen en har meunsterje. As in hoerejeier.
Se liket wol wat op de frou fan it skilderij ‘Poker night!’ in eintsje fierderop. In hiel oar taferiel. Suver in tableau vivant. It is in foarstelling fan de skilder Thomas Hart Benton, dy’t in sêne fan it ferneamde toanielstik ‘A streetcar named desire’ stal jûn hat. Dêr draacht de frou in blauwe jurk en hat se in namme. Se hjit Blanche en se jout lûd. ‘I don’t want realism. I want magic!’ Se hat it net oer de wierheid, seit se, se hat it oer wat neffens har de wierheid wêze moat. Har ferhaal is lykwols in leagen. It rint net goed mei har ôf, dat is bekend. Tennessee Williams hat it mei passy beskreaun. Nee, se is gjin ‘Hopper’ frou. Se mist dat ynbannige dêr’t it ûnbekende yn besletten leit. Lykas yn it mystearje fan in ferhaal dêr’t de ein krekt as de takomst net fan te foarsizzen is en je sels de ynfolling betinke moatte. Dêrom kriget de leechte yn de skilderijen fan Hopper jin yn de besnijing, omdat it jin twingt datjinge te sjen wat der net is.
Sa wie it. In ta de ferbylding sprekkende tentoanstelling. Wy ha wat iten en gongen nei hûs. Oan ’e oare kant yn de kûpee siet in frou allinnich. Se hie in hoed op. Ik koe har eagen net sjen. Se lies in blêd, roerleas as wie se beferzen. At ik wollen hie, dan hie ik har wat freegje kind. Ik die it net. Bûten waard de skimer starich tsjuster. Wy sieten yn de swijende wrâld fan Hopper.