Wêrom werom?

Yn welke tiid soesto dan weromgean wolle?’ De fraach wurdt my steld troch in earstejiers studint skiednis. Hy leit langút op ’e bank. Op syn boarst leit in iepenteard boek mei de rêch nei boppen: A short history of midievel Europe. Lêsstof foar in kolleezje nim ik oan. Hy is noch lang net oer helte. Myn antwurd is blykber it omtinken wurdich, de holle komt stadich omheech. Ik tref him inkeld faker by syn âlden thús. Meikoarten sil dat feroarje. Hy siket in keamer yn ’e stêd, altyd dat busreizgjen is mar fet saai. Ik kin ’t my skoan yntinke. It is hiel wat oars as weromreizgje yn ’e tiid. Dat ûnderwerp kaam te praat omdat ik nei in motivaasje foar syn stúdzje fiske. Ut belangstelling! Mar leave deugd, werom yn ’e tiid? Soks is noch noait by my opkaam. Neffens him is skiednis fet moai, je soenen it yn ’t echt meimeitsje kinne moatte, dat liket him hielendal te gek. De holle sakket en hy begjint te zappen. ‘De Twadde Wrâldoarloch’, seit er wylst er by in stikmannich stjoerders del skaait, ‘dat is in tiid dêr’t ik wol ris yn omstappe wolle soe.’   
‘O ja?’
‘Ja, net om de ferskrikkingen hear’, ferûntskuldiget er him, ‘mar it deistige riden en farren. Sa’t de minsken doe libben, wist wol?’
Ik ha myn twivels, mar ik knik. ‘Nijsgjirrich!’
De slach by Waterloo liket him ek wol wat. Ik besykje my in byld fan syn idee te meitsjen. ‘Bedoelst krekt sa as mei de tiidmasine fan professor Barabas?’ Flauwe fraach fansels, bytsje bernich, hie ’k net stelle moatten. Ferkeard tocht!
‘Ja krekt, fet cool man!’ fearret er oerein. Tagelyk lûkt er syn mobyltsje út ’e bûse en lêst flechtich in berjocht út it heden. Sit it moderne libben him sa ticht op ’e hûd dat er dêrom longeret nei âlde tiden freegje ik my ôf? It slagget my net om fierder werom te gean dan nei it begjin fan myn eigen jeugd en dat hellet de oarloch net.
‘Ik bin gjin man fan it ferline, dêr ha ik al genôch fan,’ sis ik, ’ik stap leaver foarút yn ’e tiid, sa lang at it noch kin.’
Op it grutte flatscreen finster flitse de aktuele nijsberjochten yn nanosekonden foarby. It mobyltsje ferdwynt wer yn ’e bûse.
‘Silst ek nei Avatar?’ freegje ik.
‘Nei dy science fiction film?’ It boek gliidt him fan ’e skoat en falt tichtklapt op ’e grûn. ‘Dat is dochs allegear optochte ûnsin? Skiednis is wier bard, dêr kinst noch wat fan leare.’
‘Tochtste?’ Ik hâld myn betinkings foar my. ‘De takomst wurdt ek skiednis, lykas wysels,’ wriuw ik him ûnder de noas. De wittenskip fynt hieltyd nije dingen út, der stiet it minskdom noch hiel wat te wachtsjen. Tink dy ris yn, oait stappe we nei alle gedachten mei behâld fan de eigen identiteit yn in oar omskot op ’e dyk om.’
‘Dat kin yn in twadde libben fan Second Life op ynternet al lang.’ Hy seit it mei in hâlding fan: hasto noch noait fan heard tink?
‘Hoe bedoelste?’ spylje ik wat ûnnoazel, ‘as in libbensechte robot yn in trijediminsjonale wrâld?’
‘Ja.’
‘Krekt as in Avatar?’
‘Ja, presiis!’
‘Om ûnstjerlik troch de tiid te reizgjen en besit fan de ivichheid te nimmen?’
‘Hm..?’
‘En tegearre mei in keunstmjittige yntelliginsje yn ’e hoedanichheid fan in moai frommes troch cyberspace om te sweven?’
Der rûgelt him in iPod-dopke út it ear. It kontakt is even fuort. Der wurdt neitocht. 
‘It wie in spannende film,’ gean ik fierder, ‘it pakte al hast ferkeard út mei dy ferrekte oarloch, mar dêr kinne we miskien noch wat fan leare.’
Syn gesicht ferlúkt en hy komt oerein. 'Wêr draait er?', freget er ynienen happich.