Wa hat der noch noait wat fan sein en wat is der noch net oer skreaun? Lit my dan ek ris besykje en stean in stikmannich rigels stil by it fenomeen pake Sytse. Dus gjin ferhanneling oer syn skepper: de ferneamde auteur dy’t mei de wûnderlike lotgefallen fan in âld man in ûnferjitlik personaazje sa knap stal jûn hat. En ek gjin yngewikkelde analyze fan it boek dêr’t de kreaasje fan de skriuwer de haadrol yn spilet. Nee, dêr sil ik my net oan fertille. It binne inkeld wat gedachten oer in markant man, dy’t op papier ta libben kaam yn in wrâld dêr’t er thús hearde, in wrâld dy’t der winliken net mear wie.
Lit ús dêrom even weromgean nei healwei de sântiger jierren fan de foarige ieu, de tiid dat we mei de âld man yn ’e kunde kamen. It heucht my noch goed dat ik it boek Pake Sytse doe lêzen ha. It is my sels sa goed bybleaun, dat ik noch wit wêr en yn watfoar omstannichheden. Net in min teken, want dat ha je yn ’e regel inkeld mei boeken dy't in fin mear ha as in bears.
Ik wit net hoe’t it ferhaal eartiids troch de kritisy ûntfongen is. Der sil wol op ôfjûn wêze. Minsken is nuver guod en it is myn sizzen net, mar lyts achtsje en leechlizze wurde op dat mêd gauris brûkt om in eigen beheining te behimmeljen. It kin foar in kwaliteitsboek gjin kwea. Ik wit ek net oft hja doe wol begrepen ha wêr’t it boek eins oer giet. Dat de tsientûzenen lêzers it wol yn ’e rekken hienen, hat yn alle gefallen goed bliken dien. De geast fan pake Sytse doarmet sûnt dy tiid troch it kollektive geheugen fan it folk. Alteast dat soenen je tinke, mar de man - in archetype - siet fansels al langer yn it laach fan elkenien wa’t besibbe is oan de kriten en de grûn dêr’t it ferhaal spilet. At Freud der nochris oer nei prakkesearje mocht, dan is de âlde rakker fan in protte wâldsjers grif it Id. Want wa is net segene mei in ûnderbewuste langst nei frijheit, mei in sûne wjerstân tsjin gesach en mei de djippe wearze oan twang, yn kombinaasje mei riten fan by tiden swier te rissen opstigingen. It kriget allegear syn beslach yn ien persoan. Pake Sytse, de wjergader fan de pake dy’t je sels spitigernôch te koart meimakke ha.
It ferline dat Pake Sytse yn ’e petgatten besocht op ’e nij út te finen is yn it boek heuchlik beskreaun. Fiskje, ielrikje, einepiken kneppelje, streupe, hazzejeie, murdzje en molje. Njonken dy striid om te oerlibjen is it praat dat er brûkte it skaaimerk fan syn wêzen. Net de taal, dy’t trouwens hurder, wreder en minder geef klinke moat as it boek beskriuwt, mar wat er seit en wat er net seit. De man is sa’t er praat, hy is wat de goede fersteander sûnder wurden fan him meikriget. It is syn swijende natuer, in wize fan uterjen dat linkendewei mei de nije tiid by ús weirekket.
Hawar, it is net oars. Lykwols, in moai oantinken oan de persoan is der noch. Pake Sytse libbet! Hy is op ’e nij foar even fan oer fiere grinzen by ús weromkaam, omdat er net ferjitten wurde wol. Omdat er net ferjitten wurde mei! Ik ha him sjoen op de Feanhoop, op it plak dêr’t syn skepper him grif ek sjoen hat. In libbensechte pake. In pracht figuer! Treflik spile! Ik ha om him gniisd. Ik ha my hast de bûsen om him útskuord. Ik ha om him gûld. Mar it wie ús pake net.