See



By de See

Op in dei sille de minsken lêze dat
ik dreamde, dat ik by’t hjerst nei
de see gie en dat it waaide dat it rikke,
wylst it wetter sa heech stie, dat der
sein waard dat it de hiele wike al
sa wie, omdat it troch it klimaat kaam.
Dan lêze se dat de kobben dy dei
as brol fan de dwinger oer it skom
fan de brâning saaiden en dat ik
deroan tocht, dat ik it opskriuwe moast,
at ik thúskaam, wyls ik socht om in
moaie Koplandse rigel, dy’t myn bernetiid
 oproppe soe, doe’t de see ek al sa
grut like en djip en de weagen sa heech.
Mar dan moat ik by´t wekker wurden
wol fuort opskriuwe wat ik tocht,
oars leauwe de minsken my net, dat
ik it dreamde dat it sa waaide, dat it
wetter sa heech stie, de kobben oer
de brâning skaaiden, myn jeugd my
yn ’t sin kaam, en dat ik doe tocht: 
dit skriuw ik op!