Innesfree



Oan it IJ te stean, op it Java-eilân, dat die my tinken oan it strân. Teminsten, dat byld kaam by my op. Glinsterjende weagen yn 'e skimer kinne in mins nuver ferrifelje. Mei de kamera knipte ik de gedachte yn ien klik fêst. Ik stie yn it jûnsljocht fan in bewenne wrâld, dêr't de lucht my net rjocht fan noaske.  It lûd kaam mear oerien mei de wetten fan de see. Lûdroftige kobben tjirgen har boppe it brede rak as kropjende bongels. En al wie it sicht oer it wetter oars as yn it noarden, ik snipte mei myn tastel feitlik itselde tsjusterjen as fierderop by de see.
Ik wie útfanhûs. Myn tydlike residinsje stie net yn Lebak, mar wol op in histoarysk punt. Yn âlde tiden hie it tsjinne as opslach en trochfier fan de hannel út it easten. De grûn wie lang om let troch moderne stedsfernijing opwurdearre. De neilittenskip fan it eartiids ynklaude guod wie fernimstich yn beton getten en kreas mei bakstien bemitsele. Ik wie der wis fan, dat yn de riante apparteminten, mei it útsicht fan in VOC kaptein, gjin makelders yn kofje húsmannen, heechsten inkele hannelers yn himp en kannabis. De Droogstoppels fan dizze tiid.
Letter, healwei de nacht, siet ik op it dakterras.  Dêr seach ik yn in lichte dize de gloed fan de haadstêd glinsterjen. Dat ljocht ferrifele ek. Nocturne fan in stille wrâld fol libben. Dy skiere stêdskime soe net misstean tusken de skilderijen fol symbolisme dy´t ik oerdei yn it Van Gogh museum bewûndere hie. De dreamde bylden fan betsjoene fiersichten en kosmyske myten hienen my noch yn 'e besnijing.  Lânskippen as weagen fan in oseaan. Seesichten yn walen fan skimer en ljocht.  En dan dat iene eilân yn 'e glâns en glinster fan in blakstil mar, as in gedicht fan W.B Yeats.
Ik hearde it wetter mei in leech lûd tsjin de wâlkant klotsen en ik kaam oerein. Ik kaam oerein om de nacht yn te gean. 

Fierder

 Rint it spoar de fierte yn,
wat sil it paad dy keare.
Hat it sicht gjin grinzen,
nim dan de iepen wei.
Wol tiid de romte jaan,
stek dan de brêgen oer
en gean wakker fierder.


Is bestimming net it lot
wat kin dy dan beneare.
Bist op kwea betocht,
nim elke rjochting frij.
Kin lok it libben stean,
ferlit beret it opûnthâld
en gean wakker fierder
oer de sljochte diken.

Om utens



Yn Amsterdam - stêd fan kultueren -
rinst samar út de tiid fan Vondel wei
troch it park en oer de Dam nei de ieu
fan Multatuli ta, de tiid mei skriuwers
fan karakter, proastich yn brûns op in
sokkel hise om op it libben del te sjen.





Yn Amsterdam - stêd fan ûnderdûkers
en ferriders - kinst yn it hûs fan Anne
Frank, los fan hoe´t se al har noed en
soarch op papier ûnder wurden brocht,
de waansin fan in oarloch fiele, en it
gefaar fan it nea fersleine brune kwea.





Yn Amsterdam - stêd fan nuvere kost -
kinst krekt lykas Carmiggelt earder die
de riten en de kueren fan it miene folk   
beskriuwe om dêrnei mei de neisten
as in arbeider foar in streksum panfol
strûpmoes nei Dikker & Thijs ta te gean.





Yn Amsterdam - stêd fan froed en tsjoed
om utens - kinst yn Café Americain troch
de ûntdekking fan de himel yn de hegere
sfearen fan de literatuer ferkeare of samar
bûten op it terras de dichter Bruinja oer
it Leidseplein foarbygean kommen sjen.



Amsterdam is as haadstêd fan kultueren
it oeroard fan de keunst foar elke dei,
dêr fynt it libben syn gerak foar ferhalen
en gedichten dêr'tst dysels yn wêze kinst.
Yn Amsterdam hat de tiid in lange azem,
mar is de nacht altiten de nacht de baas.