Oan it IJ te
stean, op it Java-eilân, dat die my tinken oan it strân. Teminsten, dat byld
kaam by my op. Glinsterjende weagen yn 'e skimer kinne in mins nuver ferrifelje.
Mei de kamera knipte ik de gedachte yn ien klik fêst. Ik stie yn it jûnsljocht
fan in bewenne wrâld, dêr't de lucht my net rjocht fan noaske. It lûd kaam mear oerien mei de wetten fan de
see. Lûdroftige kobben tjirgen har boppe it brede rak as kropjende bongels. En
al wie it sicht oer it wetter oars as yn it noarden, ik snipte mei myn tastel feitlik
itselde tsjusterjen as fierderop by de see.
Ik wie útfanhûs.
Myn tydlike residinsje stie net yn Lebak, mar wol op in histoarysk punt. Yn
âlde tiden hie it tsjinne as opslach en trochfier fan de hannel út it easten.
De grûn wie lang om let troch moderne stedsfernijing opwurdearre. De
neilittenskip fan it eartiids ynklaude guod wie fernimstich yn beton getten en
kreas mei bakstien bemitsele. Ik wie der wis fan, dat yn de riante
apparteminten, mei it útsicht fan in VOC kaptein, gjin makelders yn kofje húsmannen,
heechsten inkele hannelers yn himp en kannabis. De Droogstoppels fan dizze
tiid.
Letter, healwei
de nacht, siet ik op it dakterras. Dêr
seach ik yn in lichte dize de gloed fan de haadstêd glinsterjen. Dat ljocht
ferrifele ek. Nocturne fan in stille wrâld fol libben. Dy skiere stêdskime soe
net misstean tusken de skilderijen fol symbolisme dy´t ik oerdei yn it Van Gogh
museum bewûndere hie. De dreamde bylden fan betsjoene fiersichten en kosmyske
myten hienen my noch yn 'e besnijing. Lânskippen
as weagen fan in oseaan. Seesichten yn walen fan skimer en ljocht. En dan dat iene eilân yn 'e glâns en glinster
fan in blakstil mar, as in gedicht fan W.B Yeats.
Ik hearde it
wetter mei in leech lûd tsjin de wâlkant klotsen en ik kaam oerein. Ik kaam
oerein om de nacht yn te gean.