Op´e skulpen by de mar del
njonken it griemerige leaf
waakst in glimp fan moarn
ferside yn it huverige grien.
Oer dat paad dat kriemt
en mids de sleatten lâns
ûntkymjend reidlân rint
sil de tiid de fierte fine.
Nei in libbenslange wei en
oer de grinzen sûnder sin
gean ik lykas fjouwerjende
hynders op 'e romme wyn.
Fierder eagjend oer de kime
mei de langsten fan in bern
jou ik my op frije wjukken
wurden sykjend yn´t ferwin.