Rom sicht yn it
libben jout romte om te libjen oer de eigen grinzen hinne. In wide blik yn de
fierte ferblinet dat ynsjoch net. It eigenwize perspektyf, sa fier it each
rikt, docht je wol ris tinken: wêrom sljochtet elkenien syn grinzen net? Al is it gauris in hiele toer en fyn it paad
yn in plak fol libben en leven. Mei fan
gefolch ast dan ergens bist, datst dan bytiden amper witst hoe'st der kaamst of
watst der sikest en mooglik noch dwaan gean silst of kinst. Hoechst der ommers
net te wêzen. Hoechst der net te wenjen of tydlik te ferbliuwen, lykas in
tourist. Of as de útfanhûzer dy't it rûm oan tiid hat, mar syn wei mar heal te
finen wit, dat er him ôffreget wat er der docht en yn' e gaten kriget dat it
der ek net om giet wêr't er is en likehurd ferjit hoe't er der kaam, omdat er wit
dat er meidertiid dochs wer ôfreizge is.